Nætur | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Sigga | |
taal | Iislânsk | |
sjenre | popmuzyk | |
útbrocht | 1994 | |
opnommen | 1994 | |
skriuwer | Stefán Hilmarsson | |
komponist | Friðrik Karlsson |
Nætur (útspr.: ['naityr], likernôch: "naituer"; betsjutting: "Nachten") is in Iislânsktalich liet út 1994, dat dat jiers de ynstjoering fan Iislân wie foar it Eurofyzjesongfestival. It waard útfierd troch de sjongster Sigga en einige op it tolfde plak.
Nætur is in ballade dy't ta de popmuzyk heart. De sjongster jout utering oan har blydskip oer de macht dy't nachten hawwe. Yn har dreamen kin se nammentlik by har minner wêze, wat yn it wiere libben net mooglik is.
Yn 'e finale fan it Iislânske nasjonale songfestival waard Nætur útfierd troch Sigga har suster Sigrun. Op it Eurofyzjesongfestival fan 1992 hiene de beide susters tegearre meidien as leden fan 'e band Heart 2 Heart. Fan hegerhân waard lykwols troch de Iislânske omroporganisaasje besletten dat Nætur mei Sigrun as sjongster net genôch kâns makke om te winnen. Dêrom waard Sigga oanwiisd om it liet te fertolkjen op it Eurofyzjesongfestival, en boppedat waard der ek in nij arranzjemint foar it nûmer skreaun troch de Ierske komponist Frank McNamara, dy't op it songfestival foar de Iislânske ynstjoering ek as dirigint fan it songfestivalorkest fungearre.
Op it Eurofyzjesongfestival fan 1994 waard Nætur as fyfde liet fan 'e jûn útfierd, nei de Syprioatyske ynstjoering Ime Anthropos Ki Ego, songen troch Evridiki, en foàr de Britske ynstjoering We Will Be Free (Lonely Symphony), songen troch Frances Ruffelle. By de stimming oan 'e ein fan 'e jûn krige Nætur 49 punten, wêrûnder twa kear de maksimale skoare fan tolve punten, dy't it taparte krige troch it Feriene Keninkryk en Portegal. Dêrmei behelle it liet in tolfde plak yn in fjild fan 25 ynstjoerings.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |