In oerwurkmakker ûntwerpt, bout, makket en restaurearret oerwurken. Dat kinne ferskate soarten oerwurken en oare meganiken wêze: horloazjes, elektryske of meganyske klokken, mar ek bygelyks barometers, sinnewizers en astronomyske wizerplaten. It begryp oerwurkmakker is dêrmei rommer as wurden lykas horloazjemakker of klokmakker. Benammen foar de makker fan (grutte) toeroerwurken past de namme 'horloazjemakker' net. In horloazemakker is meastentiids ien dy’t lytse meganyske oerwurken makket of reparearret.
In ferneamde Nederlânske oerwurkmakker 'fan it earste oere' wie Christiaan Huygens. Syn hjoeddeiske beropsgenoaten moatte in tal spesifike kwaliteiten hawwe: neist gefoel foar presyzje en ynsjoch yn en kennis fan de natuerkunde is technyske feardigens fereaske, en tsjintwurdich is elektrotechnyske feardigens dêrby in wichtige komponint.
Yn de 18e iuw bloeide de klokmakkerij yn Fryslân en benammen op De Jouwer. Dat sette troch yn de 19e iuw. De famyljes Aleva en Bouma wiene bekende klokmakkers op ’e Jouwer. Wiebe Luitzens Aleva wie de bekendste oerwurkmakker, syn famyljebedriuw makke yn 1857 wol 1500 klokken. De grutste kolleksje Fryske klokken fan de wrâld is te sjen yn museumseal It Sael fan Museum De Jouwer.[1]
Guon opliedingen binne spesifyk rjochte op it fak fan oerwurkmakker of op spesjalisaasjes binnen dat fak: yn Nederlân bygelyks yn in Schoonhoven en Rotterdam. Begjinnende oerwurkmakkers folgje soms in fuortsette oplieding yn Switserlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |