Olivia, (wiere namme Olivia Longott, Brooklyn (New York), 15 febrewaris 1981) is in Amerikaansk sjongster fan Kubaansk en Jamaikaansk komôf, dy't meast warber is yn de hiphop. Olivia komt der foar út dat hja kristlik is.
Longott har mem is fan Jamaikaansk komôf en har heit komt fan Kuba.[1][2]
Olivia's debútalbum, útbrocht troch 50 Cent's G-Unit Records (Behind Closed Doors), wurdt no fannijs makke, wierskynlik sûnder de singles "So Sexy" en "Twist It" (mei Lloyd Banks). Dit album sil no "Second Chance" hjitte.
Der wurdt sein dat 50 Cent Olivia dien jûn hat, dat se sit net mear by G-Unit. 50 Cent seit dat hja mear koste as opsmiet.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Olivia (singer) fan Wikimedia Commons. |