Oluf Braren (Olersem, 7 febrewaris 1787 - Taftem 22 maart 1839) wie in skilder fan naïve keunst fan it eilân Feer yn Noard-Fryslân. Guon fan syn skilderijen litte syn ferbûnens mei syn Fryske bertegrûn goed sjen.
Braren hat portretten, deistige tafrelen, religieuske en mytologyske ûnderwerpen skildere.
Oluf Braren waard berne yn Olersem op Feer. Syn heit wie in smid en buorke ek. Doe't er 19 jier wie, waard Braren skoalmaster op it eilân Söl. Op 25 septimber 1808 boaske er oan Meete Wilhelms fan Söl. Om 1810 hinne ferfarde it pear nei Ödersem op Feer dêr't Braren as ûnderwizer oan it wurk gie. Dêr krige er in ferhâlding mei Ing Peter Matzen, in frou út it buordoarp Hedehüsem. Harren ferhâlding duorre sa'n sân jier. Doe't it útkaam krige Braren dien en waard er oerpleatse nei Taftem dêr't er helpûnderwizer waard. Hy fertsjinne doe noch mar ientredde fan syn eardere salaris.
Ing Peter Matzen har broer Peter Nahmen Matthiesen rekke befreone mei Braren en naam les yn tekenjen en skilderjen by him. Doe't bliken die dat Mathiessen in soad talint hie, gie er om 1818 hinne nei Eutin (noardeast Sleeswyk-Holstein) om te studearjen by Wilhelm Tischbein. Braren beselskippe syn eardere learling op in reis en it is witten dat er yn wike by Tischbein útfanhûze hat. Dat hy is yn elts gefal yndirekt troch Tischbein syn wurk beynfloede sa't ek te fernimmen is yn syn lettere wurk.
Yn 1839 stoar in ferearme Braren yn Taftem oan tuberkuloaze.
Braren syn wurk wie by syn libben net sa bekend; earst yn de 20e iuw waard syn wurk tige wurdearre yn Dútslân en de ynternasjonale keunstwrâld.