Oosternieland (Grinslânsk: Nijlaand) is in lyts doarp yn de gemeente It Hegelân yn it noarden fan de provinsje Grinslân yn Nederlân. It doarp lei ûnder Roodeschool en boppe Zijldijk. It hat sa'n 155 ynwenners.
It doarp is ûntstien oan in dyk yn de Fivelboezem. De Fivel fersâne yn de rin fan de tiid hieltyd mear. Lang om let waard it oerbleaune diel mei de dyk dêr't it doarp oanleit damme.
Oosternieland hat in tsjerkje út de 13e iuw. Dat wie oarspronklik wijd Sint Nikolaas. It tsjerkje hat in tsjerkhôf rûnom en stiet op in ferheging. Tsjerke en hôf binne eigendom fan de Stichting Alde Grinzer Tsjerken.