Paul Tissandier

'Us piloaten' Tissandier en Roger Sommer.
Paul Tissandier op 25 maaie 1909 mei Wright Model A, Pau (RM).

Paul Tissandier (19 febrewaris 188111 maart 1945)[1] wie in Frânsk fleander út de pioniersdagen fan de loftfeart.

Tissandier wie in soan fan fleander Gaston Tissandier (1843–1899) en neef fan Albert Tissandier, Gaston's broer.

Tissandier begûn syn karriêre as hjitte-luchtballonpiloat. Letter gie er oer op loftskippen en úteinlik fleantugen.[2] Hy wie in learling fan de Amerikaan Wilbur Wright.[3] Yn 'e mande mei greve Charles de Lambert Yn 1920 rjochte er yn 1920 it earste glydboatefabryk fan de wrâld op yn Nanterre.

De Aero Club Paul Tissandier út Saint-Cyr-l'École waard nei him ferneamd.[4]

Paul Tissandier Diploma

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Paul Tissandier Diploma is in ynternasjonale priis dy't yn 1952 yn it libben roppen waard troch de Fédération Aéronautique Internationale ta oantins fan Tissandier dy't ponghâlder fan de FAI fanôf syn stichting oant 1919 en sekretaris-generaal fan 1913 oant 1945 wie. It diploma is ornearre foar persoanen dy't troch harren inisjatyf, wurk en tawijing de fleanderij foarút holpen hawwe, benammen de privee- en sportfleanderij.[5]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Champagne|Berceau De L'Aviation Du Monde sjoen 29 septimber, 2017
  2. Early Aviator - Tissandier
  3. Pedro Amaral - Aviation Postcards
  4. Aero Club Paul Tissandier
  5. FAI - Tissandier Diploma