Philip K. Dick Award

Philip K. Dick Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar science fiction-literatuer
útrikt troch Philadelphia Science Fiction Society
frekwinsje 1x jiers
datum maart
plak Seattle (Washington)
ynsteld 1983
offisjele webside
www.philipkdickaward.org

De Philip K. Dick Award is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt oan 'e skriuwer fan 'e bêste science fiction-paperback dy't it foargeande jiers yn 'e Feriene Steaten publisearre is. De priis is ferneamd nei de bekende science fiction- en fantasyskriuwer Philip K. Dick, en waard ynsteld yn 1983, in jier nei syn ferstjerren. De tawizing fan 'e Philip K. Dick Award is yn 'e hannen fan 'e Philadelphia Science Fiction Society te Philadelphia, en wurdt sûnt 2005 finansjeel ûnderstipe troch de Philip K. Dick Trust. De útrikking fynt plak op 'e science fiction-konvinsje Norwescon. Foar in folsleine list mei alle winners en nominearden, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.