Pierre Berthier (Nemours, 3 july 1782 – 24 augustus 1861) wie in Frânsk mineralooch en geolooch.
Berthier studearre oan de École polytechnique en promovearre dêr yn 1798. 1801 gie er nei de École des Mines en waard dêr yngenieur. Berthier is bekend wurden troch syn ûntdekking fan in erts by Les Baux-de-Provence yn 1821. Hy ferneamde dat nei it fynplak, terre d'alumine des Baux. It aluminiumerts wurdt no bauksyt neamd. Fierder levere er bydragen oan metoades om metalen út ertsen te suverjen en om fosfaat te winnen foar bedonging.
Hy stoar yn de âldens fan 79 jier. Berthier is ien fan de 72 Frânsen waans nammen op de Eiffeltoer griffele stean.