Pieter Enneüs Heerma (Amsterdam, 5 augustus 1977) is in Nederlânsk politikus en earder parsefoarljochter fan de CDA-fraksje.
Pieter Heerma is de soan fan âld-Keamerlid en fraksjefoarsitter Enneüs Heerma. Hy studearre politikology oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Heerma wie kampanjelieder foar it CDA yn de oanrin nei de Twadde Keamerferkiezingen 2012. Hy stie op it alfde plak fan de op CDA-kandidatelist. Op 20 septimber 2012 waard die beëdige as Twadde Keamerlid. Heerma is wurdfierder sosjale saken.
Op 21 maaie 2019 folge Heerma Sybrand van Haersma Buma op as fraksjefoarsitter fan it CDA yn de Twadde Keamer. Nei de ferkiezingen yn maart 2021 waard er opfolge troch Wopke Hoekstra.
Ear't er Keamerlid waard, wie er manager by Soarchfersekerder De Friesland.
Heerma wie yn syn jonge jierren in suksefol judoka: Yn 1996 en 1997 waard er kampioen by it NK junioaren yn de klasse +100 KG. Yn 1996 helle Heerma it 5e plak by it WK junioaren yn Porto yn de klasse +100 KG en yn 1997 berikte er it tredde plak by it EK junioaren in Ljubljana in de klasse +100 KG.
Heerma wennet yn Purmerein, is troud en hat twa soannen.