Pinksterbea | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Veni, Creator Spiritus | |
auteur | Rabanus Maurus | |
taal | Latyn | |
foarm | liet | |
sjenre | hymne | |
skreaun | 9e iuw | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Pinksterbea | |
publikaasje | 1982, yn Opdracht | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Pinksterbea, yn it oarspronklike Latyn: Veni, Creator Spiritus (letterlik: "Kom, Skeppende Geast"), is in kristlike hymne oan 'e Hillige Geast, skreaun troch de njoggende-iuwske Frankyske benediktynske mûnts, abt, aartsbiskop fan Mainz, teolooch, dichter en skriuwer Rabanus Maurus. It is in gesang dat ferbûn is mei it pinksterfeest, doe't neffens de bibelske Hannelingen fan de Apostels de Hillige Geast útstoart waard oer de eardere dissipels fan Jezus fan Nazaret. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard publisearre yn 1982.
Veni, Creator Spiritus is noch altiten rûnom yn gebrûk yn fral de Roomsk-Katolike Tsjerke, dêr't it tradisjoneel songen wurdt as in gregoriaansk gesang. Mei't yn 'e hymne de Hillige Geast oanroppen wurdt om 'e sjongers te ferfoljen, wurdt it songen ûnder de liturgyske fiering fan it pinksterfeest, sawol ûnder de terts- as de fesperstsjinst. Teffens wurdt it songen by beskate formele gelegenheden, lykas it yngean troch nije kardinalen fan 'e Sikstynske Kapel, as der in nije paus keazen wurdt en soms ek by de wijinge fan preesters en biskoppen, de ynwijing fan tsjerkegebouwen en de iepening fan synoaden en oare tsjerklike gearkomsten. Ek yn 'e Anglikaanske Tsjerke wurdt Veni, Creator Spiritus by plechtichheden noch gauris songen.
Marten Luther brûkte dizze hymne as basis foar syn koraalmuzyk foar pinkster Komm, Gott Schöpfer, Heiliger Geist, dat er yn 1524 komponearre. Yn letter tiden hawwe ek oare komponisten der muzyk foar skreaun of it as útgongspunt foar bewurkings brûkt, wêrûnder Gustav Mahler, Cristóbal Halffter, Hector Berlioz en Krzysztof Penderecki.
De Fryske oersetting fan Veni, Creator Spiritus waard makke ûnder de titel Pinksterbea, troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. Bruinsma publisearre syn fertaling yn 1982 yn it nûmer fan 26 maaie fan it tydskrift Opdracht, en nochris yn it pinksternû. fan 1983 fan it blêd Trijeresom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |