Piperkust

Kaart út 1736 fan Negrolân en Guinea. It meast westlike diel fan Guinea is de Grijnkust (Grain Coast)

Piperkust is in âlde namme foar de kuststreek fan it West-Afrikaanske lân Libearia fan no, tusken Kaap Mesurado en Kaap Palmas. In âldere namme dy't yn de 17e iuw brûkt waard wie Grijnkust (Greynkust) fanwege de pipersoarte, paradyskerrel (Aframomum melegueta - ek 'paradyssied', 'grein' of 'slavepiper' neamd) dy't dêr in soad foarkomt en dy't as speserij brûkt waard. It Nederlânske wurd 'grein' betsjutte oarspronklik 'kerrel', mar waard letter foar de kerrels dan dy plant brûkt.

Eastlik fan de Piperkust lei de Ivoarkust, folge troch de Goudkust en de Slavekust; bewesten lei de kust fan Sierra Leöane.