Powwow

De grutte yntocht op 'e powwow fan 'e Omaha, yn 1983.

In powwow (ek stavere as pow-wow of pow wow), útspr.: ['pauwau], is in folksgearkomste fan ien of mear fan 'e lânseigen Yndiaanske stammen fan Noard-Amearika. It wurd is ôfkomstich fan powwaw, út 'e Narraganset-taal, dat "religieuze liedsman" betsjut.

In moderne powwow is in spesifyk soarte fan barren foar Yndianen, yn 'e regel it sosjaal hichtepunt fan it jier, wêrby't men op feestlike wize gearkomt op in spesjaal dêrfoar oanwiisd terrein, mei as doel om famylje- en freonskipsbannen oan te heljen, te sjongen, te dûnsjen, de eigen kultuer te fieren en gewoan gesellich ûnderinoar te wêzen. Ornaris binne der wedstriden yn dûnsjen en oare dingen, en soms wurde der profesjonele dûnsers, sjongers of bands (mei deselde kulturele eftergrûn) oanlutsen om op te treden. Powwows ferskille yn lingte fan in heale dei oant in wike. Fansels hawwe alle folken yn harren eigen taal in eigen namme foar sa'n evenemint, en sille se sels inkeld fan "powwow" sprekke as se it tsjin bûtensteanders hawwe. De stammen fan Kalifornje neame it gauris in big time.

Yn it Ingelsk (en hieltyd mear yn oare talen, dêr't it wurd fia it Ingelsk yn trochkrongen is) wurdt powwow ek wol loskes brûkt foar in oerlis of saaklike gearkomste (meastal fan pommeranten, wylst de sprekker dúdlik net ta dy groep heart). Sok taalgebrûk wurdt soms, fral yn 'e Feriene Steaten, beskôge as ûnfatsoenlik foar de Yndiaanske kultuer oer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.