R.M. Renfield | ||
Akteur Dwight Frye as Renfield yn 'e film Dracula (1931). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berop/amt | abbekaat | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
greve Dracula, Abraham van Helsing | |
geastlike heit | Bram Stoker | |
útjouwer | Constable & Co. | |
ûntstean | 1897 |
R.M. Renfield, almeast koartwei oantsjut as Renfield, is in fiktyf personaazje út 'e horrorroman Dracula, fan 'e Ierske auteur Bram Stoker, út 1897. Yn dat boek wurdt Renfield foarsteld as in abbekaat dy't sljochtsinnich wurden is en troch syn sljochtsinnigens in mystike bân opbouwe kin mei de fampier greve Dracula. De namme 'Renfield' is sûnt (alteast yn it Ingelsk) suver sprekwurdlik wurden foar in gewelddiedige persoan dy't geastlik steurd is.
Renfield wurdt fêstholden yn it gesticht dêr't psychiater John Seward it foar it sizzen hat. Men ornearret dat er lijt oan waanfoarstellings dy't him derta bringe om libbene wêzens te iten yn 'e hope dat er dêrtroch de libbenskrêft fan dy wêzens opnimme kin. Letter komt út Renfield syn eigen tsjûgenis nei foarren dat de fampier greve Dracula him ynsekten stjoerde, dy't er begûn op te iten. Hy set útein mei miggen, mar betinkt dan in plan wêrby't er de miggen opfuorret oan spinnen, en de spinnen oan fûgels, mei as doel om almar mear libbenskrêft te sammeljen. Hy freget om in kat om 'e fûgels oan op te fuorjen, en as him dat ûntsein wurdt, yt er sels de fûgels op.
As er konfrontearre wurdt mei Mina Harker, besiket Renfield ynienen syn biste-iterij te ferbergjen troch hurd alle miggen op te fretten en út te lizzen dat it in âlde gewoante fan him is. Dokter Seward stelt oangeande Renfield de diagnoaze fan in 'soöfagyske maniak' oftewol in libbenitende gek. Letter bout Renfield syn moed op om Seward oan te fallen, wêrby't er in mês bemachtiget en de psychiater yn 'e earm snijt. As Seward syn bloed op 'e flier dript, slikket Renfield it op.
Geandewei de roman wurdt de rol fan Renfield as pasjint troch de eagen fan dokter Seward ferteld, sadat de lêzer him út it perspektyf fan in psychiater sjocht. Stadichoan komt oan it ljocht dat syn soöfagyske gekte in foarm fan neibeard fampirisme is, dat úteinlik ûnder ynfloed fan greve Dracula blykt te stean. Renfield besiket by ferskate gelegenheden om 'e nocht út it gesticht te ûntsnappen om 'e greve te moetsjen. De fampier, dy't it fermogen hat om syn wil op te lizzen oan bisten lykas rotten, flearmûzen en spinnen, komt by Renfield mei in oanbod: as Renfield him oanbidde sil, ûnthjit Dracula om him ûnstjerlik te meitsjen troch him in einleaze rige ynsekten en rotten te stjoeren. Dêrmei spilet er yn op Renfield syn gekte, mei't Renfield mient dat bloed de boarne fan it libben is.
As er lykwols Mina Harker moetet, troch wa't Dracula obsedearre rekke is, kriget Renfield lêst fan syn gewisse, en smeket er har om te flechtsjen sadat se oan 'e gryp fan syn master ûntkomme kin. It komt sels safier dat er Seward en de oare fampierejagers freget om him gean te litten, sadat er him letter net skuldich hoecht te fielen oer it lot fan Mina. As dat fersyk ôfwiisd wurdt, byt er Seward-en-dy ta: "Ik ha jim warskôge!" Dy nachts, as Dracula weromkeart, spilet Renfield syn gewisse op 'e nij op. Hy hat ris earne lêzen dat gekken beskikke oer in ûnnatuerlike krêft, en dêrom besiket er Dracula tsjin te hâlden. As er Dracula lykwols yn 'e eagen sjocht, rekket er min ofte mear hypnotisearre. Alle krêft ferlit him dan, en Dracula smyt him op 'e flier, wêrby't Renfield slim ferwûne rekket.
As de fampierejagers de keamer koarte tiid letter ynkomme, wit Van Helsing it libben fan Renfield mei in needoperaasje te ferlingjen. Dêrop fertelt Renfield hoe't Dracula him oerhelle hat en lit him deryn, en hoe't er dêrnei efter Mina oan gien is. Se litte him op 'e flier efter om har te rêden en ferdriuwe de fampier út har keamer mei krusifiksen en hostys. Mar Dracula giet werom nei Renfield syn keamer en brekt him de nekke.
It personaazje Renfield hat in beskate ynfloed útoefene op it ûndersyk nei echte psychiatryske pasjinten dy't oanhelle binne mei in obsesje foar it drinken fan bloed. Yn 1992 betocht psycholooch Richard Noll foar sok klinysk fampirisme de term 'syndroom fan Renfield'. Dat wie oarspronklik bedoeld as in grap, mar de term waard sa populêr dat er beklibbe. De symptomen fan it syndroom fan Renfield besteane út ferskate stadia, dy't de patology fan it personaazje út 'e roman frij sekuer folgje. It begjint oer it algemien mei soöfagy, it twangmjittich iten fan ynsekten, dat oergiet yn it libben opiten fan gruttere bisten, lykas mûzen en fûgels of it drinken fan it bloed fan sokke bisten. As de oandwaning oanboazet, wurdt it hâlden en dragen fan 'e pasjint almar ôfwikender, kulminearjend yn 'e driuw om it bloed fan oare minsken te drinken en dêrby mei opsetsin dy minsken letsel ta te bringen. Yn it ramt fan dat syktebyld wurdt dat lêste stadium oantsjut as 'wier fampirisme'.
Yn films is de rol fan Renfield (û.o.) spile troch de folgjende akteurs:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |