In rancor is in fiktyf, reuseftich, waarmbloedich rôfdier út 'e Star Wars-franchise, dat op twa skonken giet. It is lânseigen op 'e planeten Dathomir, Lehon en Felucia. De rancor waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), it lêste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. Dêryn wurdt in rancor op 'e planeet Tatooine finzen holden troch de gangster Jabba de Hutt, dy't de Jedi-ridder Luke Skywalker oan it bist besiket op te fuorjen. Luke is de rancor lykwols te fluch ôf en deadet it bist.
Yn 'e roman The Courtship of Princess Leia (1994), fan Dave Wolverton, reitsje Han Solo, prinsesse Leia en de androïde C-3PO strâne op 'e planeet Dathomir, dêr't se yn kontakt komme mei in clan 'heksen', froulju dy't 'sterk yn de Krêft binne', mar gjin formele training ûndergien hawwe. Dyselden hâlde nuete rancors en brûke se as riid- en lêstdieren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
bûtenierdsk libben út Star Wars | |
---|---|
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens | |
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks | |
bûtenierdske floara en fauna | |
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa |