Ras (Geëz: ራስ, ras; letterlik: "haad", besibbe oan it Arabyske raïs, "kaptein") is in Etiopyske aadlike titel dy't neffens de histoarikus Harold G. Marcus lykslein wurde kin mei de Westerske titel hartoch, mar dy't ornaris oerset wurdt as "prins". De bekendste drager fan dizze titel wie ras Tafari, dy't yn 1916 as Haile Selassie keizer fan Etioopje waard. Nei dyselde is ek de religieuze beweging fan it rastafarianisme neamd, wêrfan't de oanhingers inoar soms de earenamme ras tapartsje.
Yn kombinaasje mei de titel le'ul (Geëz: ልዑል, lə‘ul, "prins"), waarden net-regearjende manlike leden fan 'e sydtûke fan 'e Etiopysje keizerlike famylje (lykas de keningen fan Gojam en Tigree) oantsjut as le'ul ras, wat ferlykber is mei de titel fan aartshartoch dy't de leden fan 'e Russyske en Eastenrykske keizershuzen droegen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side. |