Reahel | ||
Komboerd Reahel en buorskip Fjouwerhûs (Vierhuis) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 210 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,24 km² (3,88 km² lân, 2,35 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 34 ynw. /km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8507 | |
Netnûmer | 0513 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 55' NB, 5° 50' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Reahel yn de eardere gemeente Skarsterlân |
Reahel (ek Roode-Hel of Nijegea) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de noardeastkant fan de Tsjûkemar. It doarp hat 210 ynwenners (1 jannewaris 2023). De buorren fan it doarp binne yn de rin fan de tiid foar it meastepart weislein troch de mar. Sa is it doarp ek de tsjerke mei klokkehûs en hôf kwytrekke. De ynwenners wenje no ferspraat oer in grut gebiet, benammen yn de buorskip Fjouwerhûs, sûnder in oanwiisbere beboude kom.
De namme komt fan de grûn dy't hjir wat reader is as op oare plakken yn de omkriten; "hel" soe ferwize nei "hichte", of krekt nei "hol", leechte. In oare ferklearring hâldt ferbân mei in leginde oer it ûntstean fan de Tsjûkemar, dêr soe ea in bosk stien hawwe dat ôfbaarnd is. De fjoergloede fan it baarnende fean (en de bosk) soe de namme "reade hel" ferklearje.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie yn Reahel in tuskenstasjon foar de ôffier fan joaden. Letter is it as tuskenstasjon brûkt foar de opfang fan Molukkers. De lokale befolking neamde it kamp nei de oarloch it Ambonezekamp.
Nei de oarloch waard der in fuotbalferiening oprjochte en der waard spile flakby it kamp, der waarden ek in soad bewenners fan it "Amboneze-kamp" lid fan dy fuotbalferiening. De namme fan dy fuotbalferiening is noch altiten "De Wite Peal", mar sit wyls yn Sint-Jânsgea.
Eartiids hat Reahel in tsjerke mei tsjerkhôf hân, mar dy is yn de Tsjûkemar ferdwûn. Men kin de grêfstiennen noch wol fiele op de boaiem fan de mar.
Reahel lei oat 1934 yn de gemeente Skoatterlân, dêrnei yn de gemeente Haskerlân. Fan 1984 oant 2014 wie it doarp part fan de eardere gemeente Skarsterlân, dy't dêrnei opgien is yn de gemeente De Fryske Marren.
De Bongerd, De Vriehof, Fjouwerhûsterwei, Frank en Vrijhof, Kwekerijwei, Marwei, Tsjerkewei, Wredehof.