Robbie van Leeuwen | ||
![]() | ||
![]() | ||
Van Leeuwen yn 1970 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 29 oktober 1944 | |
berteplak | De Haach | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock and Roll | |
ynstrumint | Gitaar, sitar, mandoline | |
grutste hit(s) | Venus, Love Buzz, Daemon Lover, Never marry a railroadman | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl (in) Profyl Van Leeuwen, Allmusic |
Robbie van Leeuwen (De Haach, 29 oktober 1944) is in rêstend Nederlânske popmuzikant en komponist fan lietsjes.
Van Leeuwen syn karriêre begûn yn 1962 by The Atmospheres út De Haach. Dêrnei wie er gitarist yn The Ricochets, The Motions en Shocking Blue. Hy makke yntusken ek noch de ynstrumintale single Let the circle be unbroken ûnder de namme fan The six young riders. Dêrnei wie er aktyf yn de groep Galaxy Lin (as komponist/mandolinespiler) en it projekt Mistral. Ek wie er de skriuwer fan it nûmer Love Buzz, dat bekend waard nei't it troch Nirvana útbrocht waard op it album Bleach. Yn 2013 waard him de Buma Lifetime Achievement Award takend. Van Leeuwen wenne tusken 1983 en 1996 yn Lúksemburch en wennet hjoed-de-dei yn Wassenaar.
Van Leeuwen waard wrâldferneamd as komponist/tekstskriwer fan de Shocking Blue-hit Venus, de earste Nederlânske nûmer ien-hit yn Amearika. It die letter bliken dat it nûmer op de The Banjo Song fan The Big 3 (mei ûnder oare Mama Cass) basearre wie. Yn 1986 kaam Venus foar de twadde kear op nûmer ien yn Amearika, doe fertolke troch de Ingelske famkesgroep Bananarama. Venus kaam yn 2013 nochris yn de Nederlânske Top 40 yn in eigen bewurking fan Voice of Holland-meidogger Sandra van Nieuwland.