Rotstergaast | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 175 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8462 | |
Netnûmer | 0513 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 54' N 5° 53' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Rotstergaast (grien) yn 'e eardere gemeente Skarsterlân. |
Rotstergaast, earder ek Lytse Gaast, is in doarp yn it súdeasten fan 'e gemeente De Fryske Marren.
It doarp hat 175 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
It doarp ûntstie fanút it doarp Rottum, dêr't útein set waard mei it oanmeitsjen fan it gebiet. Yn 1315 waard Rotstergaast fermeld as Rutnergast, yn 1350 as Gast en yn 1664 as Rotster Gaest. Yn 'e namme ferwiist gaast nei "hichte" en ferwiist Rotster nei Rottum. Yn 'e midsiuwen waard it Rutnergast neamd. Tusken Rotstergaast en Nijskoat lei Heechhout.
Yn 1315 hie Rotstergaast twa kapellen, ien dêrfan waard parochytsjerke dy't oan Jehannes Baptist wijd wie.[3] Dy tsjerke waard yn 'e 18e iuw ôfbrutsen en ferfongen troch in klokkestoel. Nei de sloop fan 'e tsjerke waard Rotstergaast in buorskip of in útbuorren fan Rottum. It westlike diel hiet eartiids Westergaast, soms ek Lytse Gaast. De ynwenners libben foar in part fan 'e fiskerij en binne letter fral boeren woarn. Lang om let waard Rotstergaast wer offisjeel in doarp en nei in skoft waard ek Snakkerbuorren by Rotstergaast foege, dat yn 'e rin fan 'e tiid as in buorskip ûntstie tusken Rottum en Rotstergaast.
Yn 1928 krige it doarp in lytse kapel, dy't hjoed-de-dei as doarpshûs brûkt wurdt.
Oant 1934 wie Rotstergaast in doarp yn 'e gemeente Skoatterlân. Dêrnei hearde it doarp yn 'e gemeente Haskerlân. By de weryndieling fan 1984 gie it doarp nei de nije gemeente Skarsterlân en sûnt de opheffing fan Skarsterlân leit de gemeente yn 2014 yn De Fryske Marren.
It doarp hat gjin skoalle mear, de bern geane yn Sint Jansgea nei skoalle. Yn 'e âlde skoalle fan Rotstergaast hat noch in skoft keunstner Allard Elout († 2016) wenne. Earder waard dit agraryske gebiet bewenne troch fiskers dy't De Tsjonger befearen.
Yn it noardwestlike diel fan it doarpsgebiet lizze de skarlannen yn 'e Grutte Sint-Jânsgeasterfeanpolder. Oan 'e westlike râne fan dat gebiet leit it natoergebiet Easterskar. Yn it Easterskar is de fûgelhut 'de Skiere Goes'. Oan 'e Tsjonger lizze de Rotstergaaster Wâlen. Der binne by Rotstergaast ek twa lytse eilantsjes yn 'e Tsjonger.
It doarpshûs fan it doarp is ûnderbrocht yn de eardere tsjerke.
1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|
125 | 270 | 275 | 262 | 230 | 215 | 180 |
Oan 'e ein fan 'e Skoatterdyk yn 'e súdeastlike punt fan it doarpsgebiet is in oerset foar fytsers oer de Tsjonger.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|