Rugor Nass personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | baas Nass | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Gungaansk | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | politikus | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Roos Tarpals Jar Jar Binks Padmé Amidala Qui-Gon Jinn Obi-Wan Kenobi | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Rugor Nass (útspr.: [ˈɹuːɡɔɹ ˈnæːs], likernôch: "rûû-gor nês"), better bekend as baas Nass, is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is de wichtichste polityk lieder fan 'e Gunganen, in ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op 'e planeet Naboo. It personaazje waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). Nass waard hielendal mei special effects staljûn; syn dialooch waard ynsprutsen troch de Ingelske akteur Brian Blessed.
Rugor Nass is berne op 'e planeet Naboo. Hy begjint syn karriêre troch te tsjinjen yn it leger fan 'e Gunganen. Letter klimt er op ta hearsker ('baas') oer de Gunganen fan 'e ûnderwetterstêd Otoh Gunga, op 'e boaiem fan 'e Paongamar. As sadanich is er it ynfloedrykste lid fan 'e Gungaanske Hege Ried, dy't alle Gunganen bestjoert. Nass ferballet de knoffelige Jar Jar Binks út Otoh Gunga om't er syn persoanlike ûnderseeboat by in ûngelok total loss fearn hat. Dat hat plak foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy.
Koart nei't de Hannelsfederaasje yn 32 f.Sl.Y. úteinset is mei syn ynvaazje fan Naboo, keart Jar Jar yn Otoh Gunga werom, mei yn syn sok twa Jedi, de master Qui-Gon Jinn en de padawan Obi-Wan Kenobi. Om't er sûnder tastimming weromkeard is, wurdt Jar Jar dêrop finzen set troch Nass syn kaptein fan 'e wacht, Roos Tarpals. De Jedi besykje Nass derfan te oertsjûgjen dat de Hannelsfederaasje gjin ûnderskie meitsje sil tusken de minsklike Nabooanen en de Gunganen, mar Nass is fan miening dat it om in konflikt giet dêr't syn folk neat mei te krijen hat, dat hy wegeret him dermei te bemuoien. Hy makket de Jedi der wol opmerksum op dat de fluchste wei nei Theed, de minsklike haadstêd fan Naboo, troch de holle kearn fan 'e planeet liedt. Qui-Gon Jinn freget dêrom in ûnderseeboat te lien en Jar Jar Binks as gids, fersiken dêr't Nass oan foldocht.
Nei't se de minsklike stêden op it drûge fan Naboo beset hawwe, keare de androïdelegers fan 'e Hannelsfederaasje har tsjin 'e Gungaanske stêden ûnder wetter, nettsjinsteande de neutraliteit fan 'e Gunganen. Nass wurdt dêrtroch twongen om Otoh Gunga te ûntromjen en mei syn folk beskûl te sykjen op harren hillige plak, djip yn 'e sompen. Underwilens reizget de Nabooaanske keninginne Padmé Amidala alhiel nei Coruscant om help by de Galaktyske Senaat en kânselier Finis Valorum te sykjen, mar hja keart sûnder wat bedijd te hawwen werom. Dan lit se har troch Jar Jar nei it skûlplak fan Nass-en-dy liede. Har doel is om him te bepraten ta de foarming fan in militêr bûnsgenoatskip.
Foar't se dat fersyk dwaan kin, wurdt de keninginne ûnderbrutsen troch ien fan har hofdames. It docht bliken dat de 'keninginne' eins de hofdame Sabé is, dy't út omtinkens fan feilichheid it plak fan 'e keninginne ynnommen hat. De 'hofdame' dy't har yn it wurd falt, is de wiere Padmé Amidala. Dat blyk fan fertrouwen docht in protte om 'e wrok dy't nei iuwen fan ûnmin tusken de Nabooanen en de Gunganen bestiet, te oerwinnen. Nass slút in ferdrach mei Padmé oer gearwurking by de ferdriuwing fan 'e Hannelsfederaasje. Om Jar Jar Binks te earjen foar syn rol yn it gearbringen fan harren beide folken, beneamt Nass him (ta syn skrik) ta generaal fan it Gungaanske leger.
Neitiid marsjearje de Gunganen û.l.f. Jar Jar (bystien troch de kundige kaptein Tarpals) op om slach te leverjen mei it androïdeleger fan 'e Hannelsfederaasje. Underwilens bestoarmje keninginne Padmé en har gefolch it keninklik paleis yn Theed. Nabooaanske piloaten wurde befrijd en lansearje harren romtejagers om 'e blokkade fan 'e Hannelsfederaasje te brekken. De moedige Gunganen wurde fan 'e nederlaach tsjin 'e oermacht fan 'e androïden rêden as de jonge Anakin Skywalker it flaggeskip fan 'e float fan 'e Hannelsfederaasje ferneatiget, mei as gefolch dat alle androïden yn 'e sliepstân geane. Yn Theed nimt Padmé de Neimoïde Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, kriichsfinzen, wêrmei't de oarloch einiget.
Neitiid nimt baas Nass diel oan in oerwinningsparade troch de strjitten fan Theed, dêr't hy en de Gungaanske soldaten lûd tajûchheid wurde troch de Nabooaanske befolking. Oan 'e ein fan 'e parade ûntfangt Nass út 'e hannen fan Padmé Amidala de Fredesglobe as teken fan duorjende freonskip tusken de Nabooanen en de Gunganen.
Earne yn 'e tsien jier tusken de Nabookrisis en it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen yn wurdt Nass as haad fan 'e Gungaanske Hege Ried opfolge troch baas Lyonie. Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen is Nass yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) koart te sjen as er mei Jar Jar Binks dielnimt oan 'e lykprekaasje fan Padmé Amidala.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |