Rynlânsk kapitalisme

It Rynlânsk kapitalisme (ek wol Rynlânsk model) is in ekonomysk systeem dêr't sawol de polityk as de finansjele wrâld yn behelle is. De grûnslach fan it Rynlânsk kapitalisme is de krêft fan de mienskip, de maatskiplike konsensus, in aktive rol fan de steat, en it tinken oer in langere tiid.

Beskriuwing Michel Albert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1991 ferskynde it boek Capitalisme contre Capitalisme fan de Frânske ekonoom en fersekeringsmanager Michel Albert, dy't de namme wrâldkundich makke. Yn syn boek wurde twa modellen beskreaun as twa farianten fan it kapitalisme. Yn 'e beide modellen is rekken holden mei ûndernimmers, finansiers, oandielhâlders, politisy, wurknimmers en konsuminten.

Hy ferliket it Rynlânsk kapitalisme mei it „neo-Amerikaansk“ (it neoliberale, Angelsaksyske of Anglo-Amerikaanske) model fan de frije merkekonomy en de minimale ynfloed fan de oerheid dêryn, in model dat ûnder it regear fan Ronald Reagan en dat fan Margaret Thatcher ynfierd is. It Rynlânsk kapitalisme is neffens Albert in systeem dat benammen yn lannen as Frankryk, Dútslân en oare ekonomyen yn West- en Noard-Europa syn beslach kriget. Fierders skriuwt Albert dat de grûnslach fan it Rynlânsk kapitalisme yn de sosjale merkekonomy en de sosjale sekerheid leit. Yn syn analyse beskriuwt er it model as earliker, effisjinter en freedsumer. Lykwols soe it troch psychologyske ferskynsels en de berjochtjouwing yn 'e media sa lykje kinne dat it Amerikaanske model attraktiver en dynamysker is.

Michel Albert jout it Rynlânsk kapitalisme de neikommende skaaimerken:

  • Yn 'e finansjele wrâld hawwe de banken in dominanter plak as de beurzen,
  • In bredere ferhâlding tusken banken en bedriuwen,
  • Mear machtslykwicht tusken oandielhâlders en managers,
  • Gearwurking en oerlis tusken wurknimmers (ek fakbûnen) en wurkjouwers,
  • Gruttere loyaliteit fan de wurknimmer oan de wurkjouwer,
  • It tinken oer in langere termyn en de kontinuïteit ynstee fan winst op de koarte termyn,
  • It grutste part fan de befolking is frijwat ienriedich oer lykweardigens en solidariteit.
  • (dú) Albert, Michel: Kapitalismus contra Kapitalismus. Frankfurt am Main: Campus, 1992. - ISBN 3-593-34703-2.
  • (in) Albert, Michel: Capitalism Against Capitalism. London: Whurr, 1993. - ISBN 1-870332-54-7.
  • (ned) Albert, Michel: Kapitalisme contra Kapitalisme. Amsterdam: Uitgeverij Contact, 1992. - ISBN 9025402844.
  • Albert, Michel en Gonenc, Rauf: The Future of Rhenish Capitalism. Yn: Political Quarterly, jiergong 67 (2005), haadstik 3, siden 184-193.