Ryptsjerk | ||
Doarpssicht | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 775 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 8,03 km², wêrfan - lân: 7,15 km² - wetter 0,52 km² | |
Befolkingsticht. | 109 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 13' N 5° 54' E | |
Doarpsgebiet fan Ryptsjerk (grien) yn de gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
Ryptsjerk op de side fan Trynwâlden | ||
Kaart | ||
Ryptsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Ryptsjerk leit tusken de Trynwâlden en de N355. Mei de doarpen Gytsjerk, Aldtsjerk, Oentsjerk, Readtsjerk en Mûnein leit it op de sânrich Trynwâlden. By it doarp leit it rekreaasjegebiet de Grutte Wielen.
Ryptsjerk hat 775 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
De namme Ryptsjerk is ôflaat fan 'Riperkerka', tsjerke op in ripe, in sânrich. It efterheaksel "ryp" of "ripe" komt wol yn mear plaknammen foar. Dy sânrich is in restant fan de iistiid, dy't sawat 200.000 jier lyn yn Fryslân hearske. Op dy sânrich leit de hjoeddeiske Easterdyk, de âldste wei fan it doarp.
Yn de 14e iuw wurdt foar it earst melding makke fan Riperkerka, in delsetting fan fiskers, turfmakkers en reidsnijers. Wierskynlik waard der ek al tige yntinsyf buorke. Yn de rin fan de jierren waarden de Binnendyk en de Westerdyk oanlein, parallel rinnend mei de Easterdyk en ûnderling ferbûn troch de Ypeysingel en de Breedyk, wêrtroch't it doarp min ofte mear syn hjoeddeiske foarm krige. Doe't de mins learde om it wetter te behearskjen, luts it doarp mear boeren oan en dat brocht op lytsskalige wurkgelegenheid op. Dochs bleau der noch lange tiid reidkultuer en turfoanmeitsjen. It byld "de Leiker" ferwiist nei it opbaggeljen fan de "klyn", de grûnstof foar turf. De lêste binnenfisker is yn 1988 ferstoarn.
Ljouwert leit net fier fan Ryptsjerk. Sângrûn is boskich en dêrom kamen in soad bestjoerlike pommeranten yn simmerferbliuwen yn de Trynwâlden, Ryptsjerk en Tytsjerk te wenjen. Yn Ryptsjerk stienen trije aadlike huzen:
Ien fan de markantste gebouwen fan it doarp is de protestantske tsjerke, dy't om 1750 hinne boud is. In âlder tsjerkje moat stien hawwe by it eardere slúske, dêr't de Easterdyk útkomt op de Slachtedyk. Yn de toer hinget in tige moaie liedklok, getten yn 1546. Twa foarstellingen op de sydkant byldzje Simson út yn gefjocht mei de liuw, en Delila dy't in spear draacht. Wol hast wis binne se bedoeld as symboalen, wizend op de gefaren foar de yn selibaat libjende roomske geastliken. De sterke Simson fersloech de liuw, mar wie tsjin in ferliedlike frou net opwoeksen. Hoewol't de klok yn 1943 troch de Dútske besetter roofd waard, is de 598 kilo swiere kolos geef weromkomd fan in opslachplak yn Giteren.
De Ypeymûne is in poldermole west fan Ryptsjerk. It is in reiddutsen houten achtkante mûne mei stiennen fjildmuorren.
Wylst doarpen as Tytsjerk, Hurdegaryp en Gytsjerk/Oentsjerk sûnt de jierren 1950 foars útwreiden, bleau Ryptsjerk wat nijbou oanbelanget efter. Sûnt de jierren 1970 hat der oan de westlike kant fan de Binnendyk in beskieden groei west. Hjoed-de-dei foarmje de "allochtoanen" in wichtige oanfolling op it autochtoane diel, dat frijwat honkfêst is.
It doarpshûs fan Ryptsjerk hjit De Einekoer. De doarpskrante 'Doarpslibben Ryptsjerk' is ek online te besjen. Der is in feriening fan doarpsbelang.
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 954 | 934 | 862 | 778 | 687 | 835 | 785 |
Binnendyk, Breedyk, De Opslach, De Tunen, Easterdyk, Heermawei, IJpeijsingel, Nijlânswei, Reidikker, Ryksstrjitwei, Slachtedyk, Tsjerkelânsreed, Westerdyk.
Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|