Samuel Bolton (Londen, 1606 - 15 oktober 1654 ) wie in Ingelsk geastlike en learde en in lid fan de Westminster rie en haad fan it Christ's College yn Cambridge.
Samuel Bolton wie de soan fan William Bolton fan Lancashire. Hy waard berne yn 1606 yn Londen, en waard oplaad oan de Christ's College yn Cambridge. Yn 1643 waard er keazen yn de Westminster rie fan godgelearden. Hy wie efterinoar predikant: fan de St.Martin's yn de Ludgatestrjitte, fan de St. Saviour's te Southwark en fan de St. Andrew's te Holborn; allegear te Londen.
Hy stoar nei in lang sykbêd op 15 oktober 1654. Edmund Calamy preke op syn begraffenis.
Under oaren: