San Sebastiano fuori le mura

Sint-Sebastiaan bûten de Muorren
San Sebastiano fuori le mura
Lokaasje
lân Itaalje
regio Latium
plak Rome
adres Via Appia Antica 136
koördinaten 41° 51'N 12° 30'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
wijd oan Sint-Sebastiaan
Arsjitektuer
boujier 17e iuw
Webside
sansebastianofuorilemura.org
Kaart
San Sebastiano fuori le mura (Rome)
San Sebastiano fuori le mura

De San Sebastiano fuori le mura ("Sint-Sebastiaan bûten de muorren"), of de San Sebastiano ad Catacumbas ("Sint-Sebastiaan op 'e katakomben"), is in basilyk yn Rome, Itaalje. Oant it jubileumjier 2000 wie de tsjerke ien fan 'e sân pylgertsjerken fan Rome. In soad pylgers hâlde lykwols noch jimmeroan de tradisjonele list oan, faaks fanwegen de katakomben en om't de ferfangende Santuario della Madonna del Divino Amore fierder fan it sintrum ôf leit.

De oarspronklik yn 'e earste helte fan 'e 4e iuw boude basilyk is oan Sint-Sebastiaan wijd, in populêre 3e-iuwske Romeinske martelder. De namme ad catacumbas ferwiist nei de katakomben fan Sint-Sebastiaan, dêr't de tsjerke op boud is, wylst fuori le mura sizze wol dat de tsjerke bûten de Aureliaanske Muorre boud is en sa ûnderskieden wurdt fan 'e San Sebastiano al Palatino op 'e Palatynske heuvel.

Grêfmonumint Sint-Sebastiaan (Giuseppe Giorgetti).

Neffens de stiftingstradysje soene yn 258 ûnder de kristenferfolgings de katakomben tydlik brûkt wêze as plak foar de bysetting fan 'e oare hilligen dy't yn Rome it martlerskip ûndergongen, Petrus en Paulus, fan wa't de oerbliuwsels letter oerbrocht binne nei de nei harren ferneamde basiliken. Dat ferklearret de oarspronklike namme fan 'e tsjerke Basilica Apostolorum ("Basilyk fan de Apostels"). De wijing oan Sint-Sebastiaan datearret fan 'e 9e iuw.

Sebastiaan's oerbliuwsels waarden om 350 nei de tsjerke brocht. Yn 826 moasten de reliken foar in Saraseenske oanfal oerbrocht wurde nei de Sint-Piter. By dy oanfal waard de tsjerke ferneatige. Under it pontifikaat fan Nikolaas I waard de tsjerke wer opboud, wylst it alter op fersyk fan 'e Sistersjinzers troch paus Honoarius III (1216–1227) op 'e nij oan 'e martelder wijd waard.

It tsjintwurdige gebou datearret foar in grut part út de 17e iuw. De bou waard yn opdracht fan kardinaal Scipione Borghese yn 1609 troch Flaminio Ponzio útein set en nei syn dea yn 1613 troch Giovanni Vasanzio foltôge.

It byld fan Sint-Sebastiaan by it alter yn 'e earste kapel oan 'e lofter kant is fan Giuseppe Giorgetti. Yn 'e "Kapel fan 'e Reliken", fuort oan 'e oare kant fan it skip, is in stien mei de fermiende foetôfdrukken fan Jezus, dy't yn ferbân brocht wurde mei it Quo vadis yn 'e Hannelingen fan Petrus. Ek is in pylk te sjen dy't Sint-Sebastiaan rekke hat, tegearre mei in diel fan 'e pylder dêr't de hillige oan fêstbûn wie wylst er de martlersdea ûndergong.

Ek it neamen wurdich is de Albani-kapel yn 1716 boud yn opdracht fan paus Klemens XI neffens in ûntwerp fan Carlo Maratta, Alessandro Specchi, Filippo Barigioni en Carlo Fontana en opdroegen oan paus Fabianus. Fabianus wie paus ûnder de ferfolgings fan keizer Desius. De boarstbylden fan 'e hillige apostels Petrus en Paulus fan Nicolò Cordier betinke de eardere patroanhilligen fan 'e tsjerke.

Yn 'e omkriten fan 'e Sint-Sebastiaantsjerke binne de katakomben fan Sint-Kalikstus en fan Sint-Domitilla en stiet de Santa Maria in Palmis (ek: Quo-Vadistsjerke).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:San Sebastiano fuori le mura