Sandebuur is in buorskip yn it noarden fan de provinsje Drinte. Nei Peizermiede is it de meast noardlike wenkearn fan de provinsje. Sandebuur makket diel út fan de gemeente Noordenveld. It bestiet út sechtjin pleatsen, dêr't op noch mar trije dêrfan buorke wurdt.
De buorskip leit oan de súdrâne fan it Leekstermargebiet op ien fan de hege sântongen dy't in útrinner is fan it Drintske sângebiet. It lânskip is hjir licht gloaiend. De sânkop stekt wat boppe it omlizende lân út, wat noch fersterke wurdt trochdat de rest fan de omjouwing is ynklonken is troch ûntlûking fan focht oan it fean. Hjirtroch is it allinnich fanút it suden oer de dyk te berikken. Nei it noarden ta liket it hjir de ein fan de wrâld te wêzen, mar op inkele kilometers ôfstân ferheft him it steedlik silhûet fan Hoogkerk en de stêd Grins.
It meastepart fan de huzen fan Sandebuur stiet as by in lintdoarp oan de dyk dy't in pear hûndert meter fan west nei east rint, mar oan beide siden hommels einget. 500 meter ten easten fan it buorskip leit in nuveraardich begraafplak fan Roanerwâlde, dat op syn beurt wer sa'n 500 meter ten suden fan it begraafplak leit. Undersyk hat útwiisd dat oant ûngefear twa iuwen lyn it doarp Roanerwâlde om it begraafplak lei, mar nei it suden fersetten wurde moast fanwege problemen mei de grûnwetterstân. Dêrút kin opmakke wurde dat Sandebuur en Roanerwâlde yn it ferline ien doarp foarme hawwe.
Noardenfjild | ||
---|---|---|
Doarpen: Roan • Altena • Feanhuzen • Ien • Langelo • Leutingewolde • Lieveren • Nietap • Nij-Roan • Noarch • Peest • Peize • Peizermade • Roaneries • Roanerwâlde • Steenbergen • Westervelde • Zuidvelde | ||
Buorskippen: Allardseach (foar in part) • Alteveer • Amerika • Boerlaan • Ien-West • De Streek • Foxwolde • Huis ter Heide • Klunderveen • Matsloot • Norgerfeart (foar in part) • Oostindië (foar in part) • Peizerwold • De Pol • Sandebuur • Terheijl | ||
· · |