In searjefilm (fan it Ingelske serial film) is in foarm fan in yn 'e bioskoop fertoande spylfilm dy't populêr wie yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw. In searjefilm wie in spylfilm dy't opdield wie yn in stikmannich segminten, dy't yn gronologyske folchoarder yn 'e bioskopen te sjen wiene, ornaris ien yn 'e wike, oant de hiele film fertoand wie. It kin dêrmei beskôge wurde as in foarrinner fan 'e ferfolchsearje op 'e tillefyzje. De ûnderskate segminten fan in searjefilm waarden ek wol oantsjut as haadstikken.
Ynhâldlik wie it ferskil tusken in gewoane spylfilm en in searjefilm dat de plot yn in searjefilm op sa'n wize staljûn wie, dat by de filmmontaazje de opdieling yn koarte segminten mooglik waard. Om derfoar te soargjen dat de besikers eltse wike weromkomme soene om it folgjende segmint te sjen, einige elts segmint yn 'e regel yn in cliffhanger, wêrby't de protagonist(en) har yn in nuodlike sitewaasje befûnen. Om te sjen hoe't se harsels dêrút rêden, moast men dan de wyks dêrop wer delkomme om it folgjende segmint te sjen. Searjefilms wiene yn 't bysûnder populêr by bern en de jongerein, en se waarden gauris fertoand op 'e sneontemiddei, yn in matineefoarstelling, yn 'e mande mei tekenfilms, nijsbylden en twa spylfilms.
Searjefilms holden oer it generaal in fêst stramyn oan, dat koart gearfet wurde kin as: in dappere held befjochtet in boasaardige smjunt en rêdt dêrby in jonkfrou yn need. In protte searjefilms hearden sadwaande ta de sjenres fan 'e misdiefilm, aventoerefilm, western of science fiction-film. Faak wiene it yn wêzen lowbudgetfilms, mar guon waarden foar in oansjenlik budget makke. De trettjindielige searjefilm Flash Gordon (1936) en de ferskate ferfolgen dêrop, bygelyks, wiene doedestiden grutte produksjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side. |