Sexploitationfilm

De Argentynske regisseur Armando Bó en aktrise Isabel Sarli makken tal fan sexploitation films

De sexploitationfilm is in subsjenre fan 'e eksploitaasjefilm, dat him foar it earst omtrint 1960 oppenearre. De namme is in gearlûking fan 'e Ingelske wurden sex ("seks") en exploitation ("eksploitaasje"). Yn sokke films is de seksualiteit wichtiger yn is as de plot.

Sexploitationfilms ferskille fan pornofilms, trochdat der wol neakenens mar gjin pornografy toand wurdt. Ek beskikke sexploitationfilm mear oer in ferhaal as de measte pornofilms, dêr't it ferhaal inkeld tsjinnet om fan sekssêne nei sekssêne te kommen. Sexploitationfilms karakterisearje har faak troch seksy klaaide froulju, topless froulju en nudisme. Dêrmei rjochtet it sjenre him sa goed as allinnich op it manlike publyk. Genitaliën en seksuele penetraasje binne, yn tsjinstelling ta hoe't it der by hurde pornografy om en ta giet, net te sjen.

Eleminten út it sexploitationsjenre komme faak ek foar yn oare eksploitaasjefilms.

Bekende seksploitaasjeregisseurs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Bekende seksploitaasjefilms

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.