Sherlock Holmes Consulting Detective is in koöperatyf spul troch Gary Grady, Suzanne Goldberg en Raymond Edwards, foar it earst útbrocht yn 1981 troch Ystari.
It spul beskriuwt tsien gefallen út ferslagen fan Wiggins, de lieder fan de Baker Street ûngeregelden, dy't Sherlock Holmes opsetten hie en help mei it wurd op strjitte. It is oan de spilers om de tsien gefallen op te lossen.
It spul omfiemet ferslaggen fan tsjûgen, kranteknipsels en in kaart fan Londen. Yn Dútslân waard it spul útjûn, troch Franckh-Kosmos, as Sherlock Holmes Criminal-Cabinet. Al it materiaal is dêrta yn it Dútsk oerset. Foar de spilers is it advys : 1-6 spilers, fan 12 jier en âlder. Lettere ferzjes kamen út as Sherlock Holmes – Beratender Detektiv, fan Space Cowboys.
Sherlock Holmes Consulting Detective waard yn 1985 wurdeare as Spiel des Jahres yn de ferzje fan Franckh-Kosmos.
![]() |
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |