Sjû-Enlil | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Akkadysk | |
bertedatum | 23e iuw f.Kr. | |
berteplak | Akkad? | |
stjerdatum | 23e iuw f.Kr. | |
stjerplak | ûnbekend | |
dynasty | Hûs fan Sargon | |
etnisiteit | Akkadysk |
Sjû-Enlil (sekuere transliteraasje: Šu-Enlil), ek bekend as Ibarûm, wie in soan fan Sargon fan Akkad, de stifter fan it Akkadyske Ryk, en (wierskynlik) dy syn frou Tasjlûltûm. Hy libbe yn 'e trijeëntweintichste iuw f.Kr. en wie in broer fan 'e Akkadyske keningen Rimûsj en Manisjtûsjû en fan 'e preesteresse Enhedûanna. Oer him is fierders neat bekend, likemin as oer in fjirde broer, Ilaba'is-takal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |