Sophie Hermans | ||
Sophie Hermans (2024) | ||
Algemien | ||
Folsleine namme | Sophia Theodora Monique Hermans | |
Berne | 1 maaie 1981 | |
Berteplak | Nimwegen | |
Funksje | Minister fan Klimaat en Griene Groei Fise-premier | |
Sûnt | 2 july 2024 | |
Partij | VVD | |
Titels | drs. | |
Politike funksjes | ||
2017-2024 | Lid Twadde Keamer | |
2021-2022 | Waarnimmend fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer | |
2022-2023 | Fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer | |
2024-no | Minister fan Klimaat en Griene Groei Fise-premier |
Sophia Theodora Monique (Sophie) Hermans (Nimwegen, 1 maaie 1981)[1] is in Nederlânsk politika. Hja is de dochter fan de Fryske âld-kommissaris fan de keninginne Loek Hermans. Sûnt 2 july 2024 is se minister fan Klimaat en Griene Groei en twadde fise-premier yn it kabinet-Schoof. Sûnt 23 maart 2017 wie se lid fan de Twadde Keamer út namme fan de Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD). Fan 11 jannewaris 2022 oant 6 desimber 2023 wie se dêr fraksjefoarsitter.
Hermans waard yn Nimwegen berne as dochter fan Loek Hermans en Edith Hermans-van Dijk[2], mar brocht har jonge jierren troch yn Fryslân. Hja gie nei it tariedend wittenskiplip ûnderwiis[1] op it Drachtster Lyseum. Hja studearre fan 2000 oant en mei 2006 politikology oan de Universiteit fan Amsterdam[1] dêr't se har master yn bestjoerskunde helle. Dêrnei folge se postdoktorale fakken oan de San Francisco State University (Ynternasjonale relaasjes en ekonomy) en oan de London Business School (lieding jaan).
Hja sette útein mei har earste baan by organisaasjeadvysburo Andersson Elffers Felix.[1] Fan novimber 2012 ôf wie se polityk adviseur fan de minister foar Wenjen en Rykstsjinst, Stef Blok. Yn jannewaris 2015 waard se polityk adviseur fan minister-presidint Mark Rutte. Foar de Twadde Keamerferkiezings 2017 stie se op it sechtjinde plak op de VVD-kandidatelist. As Keamerlid wie se yn har earste perioade wurdfierder foar it soarch- en jongereinbelied. Op 1 july 2020 waard se beneamd ta fisefraksjefoarsitter fan de VVD-fraksje. Foar de Twadde Keamerferkiezings 2021 stie se op it tredde plek op de VVD-kandidatelist. Nei dy ferkiezings wie se by de kabinetsformaasje waarnimmend fraksjefoarsitter, omreden gadingmakkker Mark Rutte tagelyk premier wie. Yn dy kabinetsformaasje wie se ek ûnderhanneler. Nei it beëdigjen fan it kabinet-Rutte IV waard se op 11 jannewaris 2022 keazen ta fraksjefoarsitter fan de VVD. Fan 16 september 2021 oant 6 desimber 2023 wie se tagelyk foarsitter fan de Kommisje foar de Inljochtinge- en Feiligenstsjinsten. Op 6 desimber 2023 hat se har fraksjefoarsitterskip oerdroegen oan Dilan Yeşilgöz, de gadingmakker fan de VVD by de Twadde Keamerferkiezings 2023.
Op it VVD-maitiidskongres fan 11 juny 2022 bestride se dat se har posysje as VVD-fraksjefoarsitter yn 'e Twadde Kamer te tankjen hie oan har heit, de promininte VVD-politikus Loek Hermans, of oan har eardere baan as polityk assistinte fan Rutte.[1]
Op 2 juli 2024 waard Hermans beneamd ta minister fan Klimaat en Griene Groei en twadde fise-premier yn it kabinet-Schoof. It ministarje fan Klimaat en Griene Groei waard by it oantreden fan dat kabinet oprjochte as selstannich ministearje, earder waard klimaat ûnderbrocht by Ekonomyske Saken.
Sophie Hermans is de dochter fan âld-VVD-politikus en Fryske kommissaris fan de keninginne Loek Hermans. Hja hat in broer en in jongere suster, Caroliene Hermans, dy't har yn maart 2017 opfolge as polityk assistinte fan premier Mark Rutte.[1][3][4]
Hermans mei graach oan hockey dwaan.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ministers | Dick Schoof (MP/AZ) • Fleur Agema (FP/VWS) • Sophie Hermans (FP/KGG • Eddy van Hijum (FP/SZG • Mona Keijzer (FP/VRO) • Marjolein Faber (A&M) • Judith Uitermark (BZK • Reinette Klevers (BHO) • Caspar Veldkamp (BZ) • Ruben Brekelmans (Def) • Dirk Beljaarts (EZ) • Eelco Heinen (Fin) • Barry Madlener (IW) • David van Weel (JV) • Femke Wiersma (LVVN) • Eppo Bruins (OCW) | |||
Steatssekretarissen | Eddie van Marum (BZK) • Zsolt Szabó (BZK) • Gijs Tuinman (Def) • Nora Achahbar (Fin) • Tjebbe van Oostenbruggen (Fin) • Chris Jansen (IW) • Ingrid Coenradie (JV) • Teun Struycken (JV) • Jean Rummenie (LVVN) • Mariëlle Paul (OCW) • Jurgen Nobel (OCW) • Vincent Karremans (SZW) • Vicky Maeijer (VWS) | |||
Opstapt as steatssekretaris | Folkert Idsinga | wizigje |