Spangea | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 199 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 8,35 km², wêrfan: - lân: 8,01 km² - wetter: 0,33 km² | |
Befolkingsticht. | 24 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8482 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 53' N 5° 53' E | |
Lokaasje Spangea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf | ||
Kaart | ||
Spangea is in doarp tusken de Rottige Meente en de Linde yn it suden fan de gemeente Weststellingwerf. Under Spangea falt ek in diel fan 'e buorskip Grêft.
Spangea hat 199 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Spangea ûnstie lykas de oare doarpen yn de Grutte Feanpolder yn 'e midsiuwen. It doarp waard yn 1320 Spangghe neamd en yn 1399 Spangen. Yn de 16e iuw folgen nammen lykas (De) Spange, Spanghe en Spange. Yn de 19e iuw waard it doarp Spangen en Spanga neamd.
Yn de Tachtichjierrige oarloch waard tusken Kuunder en Spangea in fersterking of skâns boud mei de namme Slikenboarch. Fan de hichte ôf koe de hiele Sudersee oersjoen wurde. Boppedat wie dat it plak dêr't De Tsjonger en de Linde by inoar kamen, sadat dêr tol heft wurde koe.
Tusken de doarpen waarden ynearsten paden lein en letter ek bredere diken foar hynder en wein. De paden wienen de binnendiken, wylst de bredere diken de bûtendiken foarmen. Sa ûntstie ek de Grindwei. De grûn wie net folle wurdich en de namme Rottige Meente betsjut dan ek minne grûn. De feangrûn koe lykwols wol brûkt wurde foar it winnen fan turf en troch it ôfgraven dêrfan ûnstiene petgatten, dy't mei stoarmen grutter waarden sadat de markes wer foar fiskerij brûkt wurde koene. De turf moast ek ferfierd wurde en dêrom waard fanút Spangea in kanaal fierder Weststellingwerf yn groeven, dat no de De Skene hjit.
Spangea hat in eigen tsjerke hân, dy't yn 1820 ôfbrutsen is. Op it tsjerkhôf stiet no in klokkestoel mei in yn 1761 getten klok, dy't it iennige ryksmonumint fan it doarp is.[3]
By de Wettersneed fan 1825 waard ek Spangea slim troffen.
Op 16 april 1945 waard by in gefjocht tusken de Kanadeeske befrijers en in weromlûkende SS-kolonne Harmen Visser by Spangea deasketten. Ta syn neitins is der yn it doarp in monumint oprjochte.[4]
Tusken 1984 en 2013 stie Spangea bekend as in earrebarredoarp. Yn 2013 waard it earrebarrestasjon sletten, mar der binne yn 'e omkriten fan it doarp noch jimmeroan in soad earrebarren te sjen. [5]
It doarp hat mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder in mienskiplike feriening foar Pleatslik Belang .
Sûnt 1989 wurdt alle jierren yn augustus de Opera Spangea organisearre.
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2007 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 121 | 483 | 428 | 357 | 283 | 265 | 214 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 203 | 191 |
Spangea leit tusken de natoergebieten De Weerribben en De Rottige Meenthe yn. De Grutte Feanpolder waard yn 1847 nei de turfwinning oprjochte. Troch ûntwettering yn it ramt fan ruilferkaveling en it brûken fan wetter foar de agraryske sektor hat it gebiet te lijen fan in foarse boaiemdelgong.
Grêft, Lindedyk, Marktwei, Nijewei, Pieter Stuyvesantwei, Spangeahoekwei, Seedyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
· · |