Stabij

Stabij
algemiene ynformaasje
alt. namme Stabijhûn, Fryske stabij
oarsprong Nederlân
   ● Fryslân
klassifikaasje steande hûn
FCI-nû. #222
lichemsskaaimerken
skofthichte 50-53 sm
gewicht 20-25 kg
kleur swart-wyt, blau-wyt,
brún-wyt

De stabij, ek wol stabijhûn of Fryske stabij neamd (mei as alternative stavering staby), is in hûneras dat syn oarsprong yn Fryslân fynt. It is in steande hûn dy't foarhinne fokt waard foar de jacht op lyts wyld. As sadanich binne fermeldings fan dizze hûn werom te finen yn 'e njoggentjinde-iuwske en iere tweintichste-iuwske Fryske literatuer. Hjoed de dei binne der net folle rasechte stabijen mear, û.o. om't dizze hûn gauris krúst wurdt mei oare rassen, lykas de mear foarkommende wetterhûn. Yn 2013 waard de stabij beskôge as ien fan fiif seldsumste hûnerassen yn 'e wrâld.

De stabij is in fan oarsprong Frysk hûneras, dat nei alle gedachten ûntstien is yn 'e Fryske Wâlden. It datearret yn elts gefal fan foàr 1800, en waard yn 'e njoggentjinde en iere tweintichste iuw gauris fermeld yn 'e Fryske literatuer. Sa spilen stabijhûnen in rol yn it wurk fan Joast Hiddes Halbertsma, Waling Dykstra en Nynke fan Hichtum. Oarspronklik waard de stabij fokt foar de jacht op lyts wyld, benammen fûgels, mar ek foksen, murden, rotten en mollen.

Gjin rassuvere stabij, mar in krusing tusken in stabij en in wetterhûn (sa't û.m. te sjen is oan it krollige hier).

De stabij is in steande hûn, dy't ûnferweechlik stilstean bliuwt as er it wyld gewaar wurdt (soms mei in foarpoat omheech en mei de noas yn 'e rjochting fan it wyld) en sa syn baas der opmerksum op makke. As it wyld sketten is, hellet er it ûnskansearre en sa nedich noch libben op en bringt it by syn baas. Dêrnjonken hat de stabij in earsten noas, en is it sadwaande in treflike speurhûn. Behalven as jachthûn tsjinne de stabij ek as hiemhûn, en gruttere eksimplaren waarden foarhinne ek wol as lûkhûn brûkt, wêrby't se foar of ûnder de hûnekarre spand waarden om frachten te ferfieren.

Histoarysk waarden stabijen yn 'e regel hast útslutend troch lytse boeren, komelkers en gerniers holden, dy't it net sa rom hiene en sadwaande in hûn brek wiene dy't foar alle putsjes ynsetber wie, ynstee fan in spesjalisearre jachthûn, in aparte hiemhûn en ek noch in dêrfoar fokte lûkhûn deropta. Om 'e eigenskippen fan 'e stabij te optimalisearjen, waard er foarhinne gauris krúst mei in oar âld Frysk hûneras, de wetterhûn. Tsjin 'e Twadde Wrâldoarloch late dat der ta dat de stabij suver útstoar, mar yn 1942 waard der troch stabij-eigners in rasferiening oprjochte dy't bedoeld wie om 'e stabij fan 'e ûndergong te rêden. Krusen mei wetterhûnen waard doe grutdiels mei opholden.

In stabijteef mei 11 jonghûntsjes.

Tsjintwurdich bestiet der yn Nederlân in beskieden tal fanatike stabij-leafhawwers, dy't de hûn ornaris foar selskip of sport hâlde. It stamboek fan 'e stabij wurdt beheard troch de Nederlânske Feriening foar Stabij- en Wetterhûnen (NVSW). Ek yn it Feriene Keninkryk, Noard-Amearika en Skandinaavje wint it ras oan populariteit. Wrâldwiid wurdt de stabij erkend troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) as ûnderdiel fan rasgroep 7, seksje 1, mei it rasnûmer 222. De Feriene Kennelklub (UKC) erkent de stabij (noch) net. Yn 2013 waard de stabij beskôge as ien fan fiif seldsumste hûnerassen yn 'e wrâld, mar it oantal nimt stadichoan ta. Der binne op 't heden wrâldwiid sa'n 3.500 orizjinele stabijen. Sûnt de milenniumwiksel binne guon stabij-eigners dermei úteinset om har hûnen te krusen mei Labrador-retrievers. De resultearjende hûnen lykje sterk op Labradors, mar hawwe mear it (koppiger) karakter fan 'e stabij.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stabij is in middelgrutte hûn, mei foar rikels in skofthichte fan likernôch 53 sm, en foar teven 50 sm. Rikels weagje ideäliter 23-25 kg, en teven likernôch 20 kg. De measte stabijen hawwe lang, slaggerich, sêft hier en in swartbûnte kleur. Lykwols komme ek brúnbûnte en blaubûnte eksimplaren foar, en dy binne tastien, mar trijekleurige bisten wurde as rasûnsuver beskôge en kinne net opnommen wurde yn it stamboek. Krollich hier wurdt ek as in rasflater sjoen. De gemiddelde libbensferwachting is foar stabijen 13-14 jier.

Stabijen hâlde fan wetter.

De stabij is in treflike jachthûn en boppedat in poerbêste gesinshûn. Hy hat de namme tige freonlik en ynnimlik te wêzen, en ek is er yntelligint, geduldich en wol er it syn baas altyd graach nei 't sin meitsje. Mei bern en oare húsdieren kin er yn 'e regel goed oer de wei. Wol kin er fan en ta ris wat koppich wêze, mar mei in goede trening moat soks net folle swierrichheden opsmite. Hoewol't stabijen binnendoar hiel kalm binne, meie se bûtendoar graach wat enerzjy kwytreitsje troch lichaamlike aktiviteit. Ek kinne se goed swimme en hawwe se dêr grutte aardichheid oan.

List fan hûnerassen

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(ned) Offisjele webside fan 'e Nederlânske Feriening foar Stabij- en Wetterhûnen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ashworth, Lou Sawyer, Prisma Honden Lexicon, Utert/Antwerpen, 1977 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 09 03X (oers. fan The Dell Encyclopedia of Dogs, New York, 1974, Vineyard Books), s. 102: Stabyhoun.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.