Stedum | ||
Bartoloméustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Iemsdelta | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 932 (2023) [1] | |
Oerflak | 14,45 km² wêrfan lân: 14,37 km² wêrfan wetter: 0,07 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9922 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 19' N 6° 41' E | |
Offisjele webside | ||
Side Stedum | ||
Kaart | ||
Stedum (Grinslânsk: Steem) is in doarp yn de Grinslânske gemeente Iemsdelta.
Stedum stiet bekend as it eartiidske wenplak fan jonker Adriaan Clant (1599-1665), dy't de 14e-iuwske boarch Nittersum bewenne en yn de Ommelanner Steaten ôffurdige wie. Clant hearde yn 1648 ta de ûndertekeners fan de Frede fan Munster. Syn grêfmonumint waard yn 1670-1672 makke troch Rombout Verhulst en stiet noch jimmeroan yn it koer fan de 13e-iuwske romanogoatyske Bartoloméustsjerke. De boarch Nittersum waard yn 1818 ôfbrutsen.
Oant 1990 wie Stedum it haadplak fan de gemeente mei deselde namme. Ta de gemeente Stedum hearden ek de doarpen en buorskippen Dijkum, Garsthuizen, Garsthuizervoorwerk, De Harde, Krangeweer, Lutjewijtwerd, De Vennen, Vierburen, De Weer en Westeremden.
It plak waard útwreide mei nijbou oan de eastlike kant fan it doarp. It leit yn 'e reden dat de takomstige nijbou dêr ek plakfine sil.
It stasjon Stedum leit oan in halte oan it spoar fan Grins nei Delfsyl. It âlde stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrutsen. Stedum hat in beskerme doarpsgesicht en ferskate ryksmonuminten.
Yn it kafee 't Oude Raedthuys wurdt sûnt 2002 seisris yn 't jier de "Eerste Groninger Voorlees- en Vertelsalon" holden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.
|