Stephen Hunter | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Stephen Hunter | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 25 maart 1946 | |
berteplak | Kansas City (Missoery) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | romans, essay's, non-fiksje, resinsjes | |
jierren aktyf | 1971 – no | |
offisjele webside | ||
www.stephenhunter.net |
Stephen Hunter (Kansas City (Missoery), 25 maart 1946) is in Amerikaansk skriuwer, essayist en filmkritikus. Yn 2003 waard him de Pulitzerpriis foar Krityk takend.
Hunter waard yn 1946 berne yn Kansas City, yn 'e Amerikaanske steat Missoery, as de soan fan Charles Francis Hunter, in heechlearaar logopedy, en dy syn frou Virginia Ricker, in skriuwster fan berneboeken. Hy groeide op yn Evanston, yn Illinois, krekt benoarden Chicago, dêr't syn heit ferbûn wien oan 'e Noardwestlike Universiteit. Syn heit waard yn 1975 fermoarde troch twa manlike prostituees.
Nei't er yn 1968 ôfstudearre wie oan 'e Noardwestlike Universiteit mei in bachelorgraad yn sjoernalistyk, waard Hunter oproppen foar it ferfoljen fan syn tsjinstplicht. Hy tsjinne twa jier yn it Amerikaanske Leger yn 'e 'Alde Garde', it Amerikaanske 3e Ynfanteryrezjimint, in ienheid dy't yn Washington, D.C. stasjonearre is en operasjonele misjes kombinearret mei seremonieel fertoan, benammen oangeande it wachthâlden by it Grêf fan 'e Unbekende Soldaat op it Nasjonaal Begraafplak Arlington. Yn dy tiid skreau Hunter ek foar in krante fan it Amerikaanske Leger, de Pentagon News.
Yn 1971 naam Hunter in baan oan by The Baltimore Sun, dêr't er tsien jier lang op 'e redaksje wurke oan kopijtarieding. Yn 1982 waard er filmkritikus by deselde krante, in posysje dy't er behold oant er yn 1997 oerstapte nei The Washington Post, dêr't er itselde wurk die. Yn 2003 wûn er foar syn resinsjes de prestizjeuze Pulitzerpriis foar Krityk. Yn 2008, doe't de Post besunigje moast, ferliet Hunter de krante mei in gouden hândruk en hold er op as kritikus.
Underwilens hied er ek súkses berikt as romanskriuwer, en dêr leid er him doe fierder op ta. Yn dy hoedanichheid is Hunter benammen bekend fan 'e Bob Lee Swagger-romansearje oer in Amerikaanske slûpskutter en de Earl Swagger-trilogy. Fierders skreau Hunter ek essays en inkele non-fiksjeboeken, wêrfan't it bekendste, American Gunfight (2005), de moardoanslach behannelet troch Portorikaanske nasjonalisten op presidint Harry Truman op 1 novimber 1950.
Hunter stiet bekend as in grut leafhawwer fan fjoerwapens en in oanhinger fan frij wapenbesit yn 'e Feriene Steaten. Dat beskôget er as in grûnrjocht dat fêstlein wêze soe yn 'e Amerikaanske Grûnwet, en hy hat it yn ferskate opinystikken en fraachpetearen ferdigene.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |