Stör | ||
De Stör yn Heiligenstedten | ||
geografy | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Sleeswyk-Holstein | |
ûntspringt yn | ûnder Willingrade | |
mûnet út yn | Elbe | |
sifers | ||
lingte | 87 km | |
hichte boarne | 32 m. | |
hichte mûning | 0 m. | |
ferfal | 32 m. | |
ôfwetteringsgeb. | 1781 km² |
De Stör is in rjochter sydrivier fan de Elbe yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Yn de ûnderrin is it ferrin fan it tij noch te fernimmen.
De Stör ûntspringt 15 km súdeastlik fan Neumünster ûnder Willingrade yn de Kreis Segeberg. Koart nei de boarne is de rivier damme foar de (klassearre) papiermûne fan Groß Kummerfeld.
Dêrnei rint er troch de bûtenwiken fan Neumünster, it suden fan de Kreis Rendsburg-Eckernförde en troch de Kreis Steinburg en mûnet op de grins tusken Wewelsfleth en Glückstadt yn de Elbe út. By Heiligenstedten berikt er de polderflakte en begjint er bot te meänderjen.
De Stör is befarber fan Itzehoe ôf (kilometer 53), mar it belang dêrfan wurdt minder.
De wetterstân fan de Stör wurdt oer goed de helte fan de lingte, oant foarby Kellinghusen beynfloede troch it tij. It Störsperrwerk is in stoarmfloedkearing dy't de rivier ôfslút by abnormaal hege wetterstannen.