Sir Sydney Camm, CBE (Windsor, 5 augustus 1893 - 12 maart 1966) wie in Britsk loftfeartyngenieur. Ta syn meast bekende ûntwerpen hearre de Hawker Hurricane en de Hawker Siddeley Harrier.
Camm kaam foar it earst yn 1912 mei fleanmasines yn kontakt doe't in baan as timmerman by fleantúchfabryk Martinsyde yn Weybridge, Surrey. Yn 1926 waard er haadyngenieur by fleantúchbouwer Hawker yn Kingston upon Thames en hold dy funksje oant dyn dea ta. Camm waard yn 1953 riddere ta Commander of the British Empire.
Yn syn lange karriêre makke Camm de ûntjouwing fan de earste motorisearre tastellen oant it supersoanyske strieljagers mei. Hy ûntwurp yn totaal 52 fleantúchtypes. Camm gou by syn meiwurkers as geniaal, mar ek as dreech om mei op te arbeidzjen.
Sydney Camm waard berne yn Windsor, Berkshire. Hy wie de âldste fan tolve bern fan timmerman Frederick Camm en Mary Smith. Syn broer Frederick James Camm waard skriuwer fan artikels oer technyk en rjochte it blêd Practical Wireless op.
Camm wenne yn Thames Ditton yn Surrey. Yn 1915 boaske er oan Hilda Starnes; sy krigen in dochter yn 1922.
Camm stoar ûnder it golfspyljen yn de âldens fan 72 jier en kaam te hôf yn Long Ditton (Surrey).