Sânfurd

Sânfurd
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 25 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 59' NB, 5° 31' EL
Offisjele webside
www.sanfurd.nl
Kaart
Sânfurd (Fryslân)
Sânfurd
Kaart
Himrik fan Sânfurd yn 'e eardere gemeente Wymbrits.

Sânfurd is in doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân, bewesten Aldegea. Om Sânfurd hinne lizze de Aldegeaster Brekken. Sânfurd leit op 'e noardlike ouwer fan De Hop. Noard fan 'e Brekken leit it buorskip Sânfurder Ryp.

Sânfurd hat 25 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

It doarp is lykas Idzegea rjochte op it tichtby lizzende Aldegea en foarmet dêrmei in trijelingdoarp. Oare plakken yn de omkriten binne Snits en De Gaastmar.

Sânfurd leit oan de Gravinnewei, in âlde sânrêch dy't ûnstie yn 'e iistiid en fan Langwar oer Lippenwâlde en Oasingahuzen oer Sânfurd nei Warkum rint. Op 'e hegere plakken fan dy sânrêch sochten minsken plakken út om op te wenjen.

It doarp moat al sûnt 1100 bewenne wêze. Sânfurd waard yn 1132 op in list fan tsjerken en kapellen fan it Starumer Sint Odulfuskleaster as Santforde of Sandforde neamd. Yn 1399 komt de namme Zantvoerden foar. Oare nammen wiene Sandferd (1496), Santfert(1505), Saendferde (1537) en Zandvoort (1718). 'Sân' wiist op in sânkop dêr't it doarp op stiet en 'furd' ferwiist nei furde, in ûndjip waad yn it wetter.

Tsjerke fan Sânfurd.

De houten tsjerke wie yn 'e roomske tiid oan Jehannes Baptist wijd en waard yn 'e 14e iuw ferfongen troch in stiennen tsjerke, dy't dêr oant 1732 stien hat en doe ferfongen waard troch de hjoeddeiske tsjerke. De fynst fan in sânstiennen sarkofaach is ek in bewiis dat Sânfurd al yn 'e 12e iuw in tsjerke of kapel hân hat. Yn 'e 17e iuw stie der ek in skoalle, mar yn 1818 gienen de bern nei de skoalle yn Aldegea.

Yn 'e 19e iuw besieten de tsjerke en G.J.N. Burmania-Rengers hjir in soad lân.

Oant 2011 lei Sânfurd yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Sânfurd hat mei Idzegea en Aldegea in feriening fan doarpsbelang. It yn 2021 renovearre multyfunksjonele sintrum It Joo yn Aldegea is it doarpshûs foar de trije doarpen.

Ferienings (mei Aldegea en Idzegea)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynformaasje oer de ferienings is ôfkomstich fan 'e hiemside fan it doarpsbelang fan Aldegea; sjoch foar de meast aktuele gegevens op: www.oudega-swf.nl

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1862 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2015 2020
Ynwenners 52 84 101 97 68 29 19 16 20 30

Sânfurd is ien fan 'e seis doarpen yn 'e eardere gemeente Wymbritseradiel, dat gjin strjitnammen krige mar allinne nûmers hat.[3]

  • Johannis Wallinga - Tussen Brek en Schuttel, 1980.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: