Súd-Beierlân | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Súd-Hollân |
Gemeente | Hoekske Waard |
Sifers | |
Ynwennertal | 2.065 (2019) |
Oar | |
Stifting | 1631 |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 51°45″ N 4°22′ E |
Súd-Beierlân (Nederlânsk en offisjeel: Zuid-Beijerland) is in doarp en eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.
Súd-Beierlân waard yn 1631 stifte, doe't de sliken fan De Hitsert yndike waarden as part fan de Grut-Súdbeierlânske Polder. Op de dyk ûntstie it doarp mei deselde namme. Yn 1673 krige it doarp in eigen predikant. It waard doe Súd-Beierlân (Zuid-Beijerland) neamd, mar guon ynwenners neame harren doarp noch hieltyd De Hitsert. Oant 1984 wie Súd-Beierlân in selsstannige gemeente; fan 1984 oant 2019 foel it ûnder de nijfoarme gemeente Korendijk en sûnt 1 jannewaris 2019 kaam it by de gemeente Hoekske Waard.
Fan it doarp Nieuwendijk ôf, dat tsjin Súd-Beierlân oan leit, fart in fearpont nei it eilân Tiengemeten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zuid-Beijerland fan Wikimedia Commons. |