Taan (kleur)

taan
kleurkoördinaten
heksadesimaal #CD5700
RGBª (rgb) (192, 96, 0)
CMYKº (cmyk) (0, 50, 100, 25)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Taan is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It kin omskreaun wurde as in ljochtbrunige oant brún-oranjige kleur. Der bestiet gjin sekuere definysje fan taan, en sadwaande binne der ferskate tinten dy't dizze namme brûke. As wurd is taan fan Frânske oarsprong. It is bekender as in namme foar bedjer tsjingeande fervestof fan ferlykbere kleur. Yn 'e heraldyk is taan in heraldyske kleur dêr't ek wol de namme tenné foar brûkt wurdt, mar dy't net troch alle autoriteiten erkend wurdt.

It wurd 'taan' komt fan it Aldfrânske tané, dat letterlik 'toud' betsjut, yn 'e sin fan it bewurke hawwen fan hûden ta lear yn 'e leartouwerij. Tané giet op syn beurt werom op it Latynske tannare ("touwe"), fan tannum, in beneaming foar de ferbrokkele skors fan ikebeammen dy't yn 'e leartouwerij brûkt wurdt of waard. Uteinlik is it wurd nei alle gedachten it Latyn ynkrongen út in Keltyske taal (ferlykje it Bretonske tann, dat "ikebeam" betsjut).

De boskûle (Strix aluco) is (foar in part) taankleurich. Yn it Ingelsk hjit dizze fûgel dêrom tawny owl ("taankleurige ûle").

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is taan in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch de ferminging fan 'e primêre kleuren read en grien. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ynstee fan syaan swart tafoege, om't dat bettere resultaten jout.

Hjirûnder in stikmannich kleurtinten dy't wol omskreaun wurde as 'taan':

taan #CD5700                         
baarnd oranje #CC5500       
bjirketaanbrún #A67B5B       
bjirketaangriis #958070       
bjirketaangriisbrún #A87C6D       
camel #C19A6B       
dûnkerliuwetaan #826644       
dûnkerokertaan #996515       
feal taan #CC7F3B       
foks #E48400       
karamel #CC7F3B       
liuwetaan #C19A6B       
ljochtokertaan #BE8A3D       
ljochtsûkelarjebrún #cc7f33       
oranjetaan #CB6D51       
porttaangriis #643A48       
porttaanread #692545       
taangriisbrún #A67B5B       
taanbrún #AE6938       
taangriisoliifbrún #826644       
taanoliifgrien #967117       
tan #D2B48C       
wyntaanbrún #B4745E       

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.