Tafelbaai

Satellytfoto fan Kaapstêd, de Tafelbaai leit rjochts. Ek Robbeneilân is te sjen.

De Tafelbaai is in natuerlike ynham fan de Atlantyske Oseaan by Kaapstêd by it noardlike puntsje fan it Kaapske skiereilân. De namme komt fan de Tafelberch en de flakke boppekant dêrfan.

Bartolomeus Dias wie yn 1486 de earste Jeropeaan dy’t de regio ferkende. Nettsjinsteande dat de baai al iuwen bekend is as in feilige haven foar skippen, is de baai bleatsteld oan de wyn fan it noardwesten oant it súdeasten. In soad sylboaten dy’t beskerming sochten tsjin it waar yn de 17e en 18e iuw dreaunen fan lân.

Yn 1652 kaam Jan van Riebeeck yn opdracht fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy nei it gebiet om der in ferfarskingsstasjon foar de Nederlânske skippen dy't tusken Nederlâns-Ynje en Nederlân farden te bouwen. De kar foar dizze lokaasje waard makke omdat natuerlike havens oan dizze kustline der hast net binne en de oare alternativen, Simons Baai en Saldanha Baai, hast gjin farsk wetter hienen. Uteinlik waard in haven boud yn de Tafelbaai troch in proses fan lânwinning en it beskermjen fan de boaten troch weachbrekkers. It âldere part fan it bouwurk wurdt wol de Viktoria Werf neamd. It nijere part is de Duncan Werf.

Robbeneilân, it eilân dêr’t Nelson Mandela jierrenlang fêstsitten hat leit ek yn de baai.