Tafeltennis is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean. De sport is tagonklik foar sporters mei hast alle beheinings allinne fisueel beheinde sporters kinne net meidwaan oan it tafeltennis.
De regels foar it Paralympysk tafeltennis komme grutdiels oerien mei it gewoane tafeltennis. De ienige ôfwikende regel is dat by de opslach de bal earst oer de efterkant fan de tafel moat foardat de bal oer de sydkant giet.
Tafeltennissers mei ferskillende beheinings kinne dielnimme. Om de sport sa earlik mooglik te halden wurde de tafeltennissers yn in klasse yndield. Fan de Spullen ôf yn Barselona fan 1992 binne der alve klassen. De klassen binne as folgjend yndield: De klassen 1 oant en mei 5 binne foar tafeltennissers yn in rôlstoel. De klassen 6 oant en mei 10 binne foar sporters dy’t stean kinne. Binnen in groep binne de sporters mei de minste beheinings yn de heechste klasse. Klasse 11 is foar sporters mei yntellektuele beheinings mar sy dogge hjoed de dei net mear mei oan de Spullen.
Tafeltennis stiet al fan de allerearste Paralympyske Spullen ôf yn 1960 op it programma. Oant 1976 wie it tafeltennis op de Spullen allinne tagonklik foar tafeltennissers yn in rôlstoel. Fan 1976 ôf mochten ek tafeltennissers mei andere beheinings meidwaan en waard it steand tafeltennisjen op de Paralympyske Spullen yntrodusearre. Sporters mei in harsenferlamming dogge mei fan 1980 ôf mei en tafeltennissers mei yntellektuele beheinings wiene allinne wolkom op de Spullen fan 2000 yn Sydney, Austraalje.
Sport op de Paralympyske Simmerspullen | ||
---|---|---|
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis | ||
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen | ||
· · |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Table tennis at the Paralympics fan Wikimedia Commons. |