Take a Chance on Me | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | I'm a Marionette | |
artyst | ABBA | |
album | ABBA: The Album | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | jannewaris 1978 | |
opnommen | Marcus Music Studios, 15 augustus 1977 | |
doer | 4:05 | |
label | Polar Music | |
skriuwer | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
produsint | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
fideoclip | ||
ABBA - Take A Chance On Me (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Kent Music Report - 12, Ö3 Austria Top 40 - 1, Ultratop 50 - 1, RPM Top Singles - 3, RPM Adult Contemporary - 7, Suomen virallinen singlelista - 18, IRMA - 1, Top 40 - 2, Single Top 100 - 2, Recorded Music NZ - 14, VG-lista - 8, - Rhodesian Singles Chart - 2, Springbok - 6, Schweizer Hitparade - 3, UK Singles - 2, Billboard Hot 100, Adult Contemporary - 9, Cashbox Top 100 Singles - 5, Official German Charts - 3 | |
sertifisearre | Kanada Goud, Grut-Brittanje Goud, Feriene Steaten Goud |
Take a Chance on Me is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 15 augustus 1977 yn de Marcus Music Studios yn Stockholm en útbrocht op it album ABBA: The Album út 1977. Take a Chance on Me wie it twadde nûmer op it album en waard yn jannewaris 1978 útbrocht as twadde single fan it album.
Take a Chance on Me waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. It idee foar it nûmer kaam fan Ulvaeus, dy't hurdrinnen as hobby hie. Under it draven song er altyd in bepaald ritme wat klonk as tck-a-ch. Dat feroare úteinlik yn take-a-chance, wêrby't de teksten betocht waarden.