Taksis fan Fortingall

De taksis yn juny 2011
De spjalte stam fan de Taksis fan Fortingall. De stokjes litte de oarspronlike omfang sjen

De Taksis fan Fortingall (Ingelsk: Fortingall yew) is in tige âlde Jeropeeske taksis (Taxus baccata) op it tsjerkhôf fan it doarp Fortingall, Perthshire, yn Skotlân. Saakkundigen fan distiid rûze de âldens fan de beam op 2000 oant 3000 jier. It soe kinne dat it de âldste beam yn Grut-Brittanje is en ien fan de âldsten fan Jeropa. De stam, dy't wilens skoarre is, hie ein 18e iuw in omfang fan 16 meter.

Neffens in pleatslike leginde soe Pontius Pilatus yn it skaad fan dizze beam berne wêze en dêr as bern boarte hawwe.[1] De krite hearde doe lykwols noch net ta it Romeinske Ryk.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Fortingall yew


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (BBC News) "Ancient tree 'one of UK's best'"