Thanksgiving (Kanada)

Thanksgiving
Winkeljend publyk yn Ottawa op 'e siik nei de juste pompoen foar it Thanksgivingmiel.
Winkeljend publyk yn Ottawa op 'e siik nei de juste pompoen foar it Thanksgivingmiel.
plak en tiid
lân Kanada
holden yn húslik fermidden
tiid fan it jier 2e moandei yn oktober
bysûnderheden
oare namme Thanksgiving Day
oanlieding tankberens foar de rispinge
soarte evenemint kristlike hjeldei
bestean 1879 – no

Thanksgiving (Ingelsk foar "Tankjaan"; Frânsk: Action de grâce) of Thanksgiving Day (Ingelsk foar "Tankjoudei"; Frânsk: Jour de l'Action de grâce) is de Kanadeeske fariant fan Thanksgiving, dy't ek wol Kanadeesk Thanksgiving neamd wurdt ta ûnderskie fan Amerikaansk Thanksgiving en Thanksgivingfierings yn oare lannen en territoaria. It is in kristlike hjeldei mei de status fan in nasjonale feestdei, dy't fan oarsprong bedoeld wie om utering te jaan oan tankberens foar de rispinge, mei't dy sjoen waard as in seine fan God.

Thanksgiving wurdt yn Kanada ornearre werom te gean op 'e earste fiering fan dy hjeldei yn 'e Nije Wrâld, dy't neffens Kanadezen net plakfûn yn 1621 yn Nij-Ingelân of yn 1619 yn Firginia, sa't yn 'e Feriene Steaten tocht wurdt, mar yn 1579 ûnder de trêde ekspedysje fan ûntdekkingsreizger Martin Frobisher om 'e Noardwestlike Trochfeart te finen. Neitiid waard Thanksgiving yn Kanada út en troch ris fierd, mar net elts jier.

Kanadeeske troepen dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch oan it Westfront fjochtsje, fiere yn oktober 1918 Thanksgiving yn 'e ferrinnewearre Katedraal fan Kameryk.

Troch de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch sette him tusken 1776 en 1783 in grutte kliber loyalisten út 'e Trettjin Koloanjes nei wenjen yn 'e Britske koloanjes dy't letter Kanada foarmje soene. Dyselden brochten harren doe al stevich yn 'e Amerikaanske kultuer ferankere tradysjes oangeande Thanksgiving mei. Dat hie benammen ynfloed op 'e fêste fiering fan 'e hjeldei elts jier en op 'e gerjochten fan it Thanksgivingmiel, lykas kalkoen en pompoen, mar net op 'e datum, mei't dy doe ek yn 'e Feriene Steaten noch net fêstlei.

Op 6 novimber 1879 waard Thanksgiving yn Kanada útroppen ta in nasjonale feestdei, mar de datum waard noch altyd net fêstlein. Dat barde pas op 31 jannewaris 1957, doe't de doetiidske gûverneur-generaal fan Kanada, Vincent Massey, in proklamaasje útgean liet wêryn't er witte liet dat Thanksgiving tenei elts jier op 'e twadde moandei yn oktober fierd wurde soe. Dêrmei wiek Kanada sterk ôf fan 'e Amerikaanske tradysje fan Thanksgiving, dat dêr op 'e fjirde tongersdei yn novimber falt.

Hoewol't Thanksgiving op in moandei falt, wurdt de fiering fan 'e dei troch de measte Kanadezen beheind ta ien dei dy't lykfolwêr yn it lange wykein fan Thanksgiving falle kin. Almeast wurdt dêrfoar lykwols de snein oanholden. De fiering bestiet yn it foarste plak út in Thanksgivingmiel mei de hiele húshâlding, wêrby't tradisjoneel kalkoen mei folling, rosbyf, ham, jirpelpuree mei sjú, swiete jirpels, cranberrysaus, maïs, pompoen, pompoentaart en/of apeltaart iten wurde. Oare Kanadeeske Thanksgivingtradysjes binne it sjen nei in Kanadeesk fuotbalwedstryd op 'e tillefyzje, it hâlden en besykjen fan jiermerken en, foar kristenen, it besykjen fan in tsjerketsjinst.

Status as nasjonale feestdei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Thanksgiving yn Kanada by wet fêstlein is as nasjonale feestdei, is it net yn it hiele lân in frije dei, útsein foar amtners. It is in opsjonele frije dei (te bepalen troch de wurkjouwer) yn 'e Atlantyske Kanadeeske provinsjes Prins Edwardeilân, Nij-Skotlân, Nij-Breunswyk en Nijfûnlân en Labrador. Yn 'e rest fan it lân is it in algemiene frije dei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.