The Promise (film út 2016)

The Promise
film
makkers
regisseur Terry George
produsint Eric Esrailian,
William Horberg,
Mike Medavoy,
Ralph Winter
senario Holger Karsten Schmidt
spilers
haadrollen Oscar Isaac,
Charlotte Le Bon,
Christian Bale,
Daniel Giménez Cacho,
Shohreh Aghdashloo
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 septimber 2016
foarm langspylfilm
sjenre drama, histoarysk
taal Ingelsk
spyltiid 134 minuten
budget en resultaten
budget USD 90.000.000

The Promise is de titel fan in film fan de Ierske regisseur Terry George. De film hannelet oer in ûnmooglike leafdesaffêre fan twa Armeenjers yn de neidagen fan it Osmaanske Ryk. De troch de Ottomaanske oerheid oanstjoerde ferfolging fan en de genoside op de Armeenske befolking fan Anatoalje spilet in hieltiten gruttere rol yn de film. De premiêre fan it histoarysk drama wie op 11 septimber 2016 op it Toronto International Film Festival.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De Armeenjer Mikael (Oscar Isaac) wennet yn in doarp mei in grutte Armeenske mienskip yn it súdeasten fan it Ottomaanske Ryk. Hy is dêr apoteker, mar wol graach in oplieding medisinen folgje oan de Keizerlike Akademy yn Konstantinopel. Om't Mikael sels it jild net hat seit syn oansteande skoanheit ta om de kosten fan de stúdzje te dragen.

Yn Konstantinopel leart Mikael fia syn omke Ana (Charlotte Le Bon) kennen, in frou fan Armeenske komôf dy't troud is mei de Amerikaanske sjoernalist Chris (Christian Bale), en kriget dêr in ferhâlding mei. As Turkije him oanslút by de Sintrale Steaten begjinne ek de ferfolgings fan de Armeenske minderheid in jimmeroan gruttere rol te spyljen. Oeral yn it Ryk wurde Armeenjers oppakt, fermoarde of deportearre en as Mikael, dy't sels mei help fan syn freon Emre fanwegen syn stúdzje in frijstelling kriget om yn it leger te tsjinjen, foar de frijlitting fan syn omke pleitet wurdt ek hy oppakt en nei in wurkkamp stjoerd. Hy sjocht lykwols in gelegenheid om oan in wisse dea te ûntkommen en flechtet nei syn bertedoarp, dêr't de Armeenjers ek hieltiten mear te lijen krije fan útsluting en ferfolging. Syn mem hellet Mikael oer om te boaskjen mei de frou dêr't er mei trouwe soe. Foar de feiligens moat it jonge koppel op oantrunen fan de âlden net yn it doarp wenje, mar op in ôfgelegen plak yn in blokhut dêr't nimmen komt. Mar as syn frou swier rekket en hja siik wurdt, moat er syn frou nei it doarp werom bringe. As Mikael te witten komt dat der yn de buert in protestanske missypost is, ferlit er it doarp en siket er dêr help foar syn famylje om harren fan de Turkske driging te ferlossen. Op de post oankommen komt er Ana en Chris wer tsjin, dy't fan doel binne om wezen yn de missypost fuort te bringen nei in feiliger plak. As hja de wezen fuort bringen en lâns it doarp fan Mikael komme hawwe de Turken dêr al hûsholden en de Armeenske mienskip útmoarde.

As Chris en Mikael troch Ottomaanske soldaten ûntdutsen wurde, wit Chris tefoarren te kommen dat hja de bern fine troch harren ôf te lieden en oare rjochting út te lokken. Chris wurdt nei in achterfolging arrestearre en nei Konstantinopel brocht, dêr't er fan spionaazje beskuldige wurdt. Mei help fan Emre, in âlde Turkske freon fan Mikael, dy't de Amearikaanske ambassadeur ynljochtet, komt Chris wer frij en mei er nei Malta ôfreizge, dêr't er oan board giet by it Frânske slachskip Guichen, dat de reis meitsje sil nei de Ottomaanske kust.

Nei de arrestaasje fan Chris begjint foar Mikael en Ana mei de Turken op 'e hakken in race tsjin de klok om de bern yn feiligens te bringen. Underweis moestje se in grutte groep Armeenjers dy't wegerje harren moedwillich oan de Turken oer te jaan en tegearre mei de groep meitsje hja harren op om op de Musa Dagh it gefjocht mei it leger oan te gean. De saak wurdt dêr hieltiten dreger foar de Armeenjers en de Turken sette swier geskut yn. De Armeenjers biede ferbiten ferset, mar wurde jimmeroan fierder de berch opjage. As de Guichen oan de kime ferskynt is it saak om de minsken op 'e tiid nei it skip te bringen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]