The Saint Louis Blues is ien fan de earste blueslieten dy sukses hienen as 'popsong'. It is útfierd troch in ferskaat oan muzikanten fan Louis Amstrong en Bessie Smith oant Glenn Miller. It is yn 1912 skreaun troch W.C. Handy en foar it earst útjûn yn 1914. It stik wurdt ek wol "the jazzman's Hamlet" neamd.
De iepeningssin "I hate to see that evenin'sun go down" is miskien wol ien fan meast trendsettende sinnen yn de popmuzyk. The Saint Louis Blues heart tsjintwurdich ta it publyk domein.