Thomas Gataker

Tomas Gataker ôfbylde op Assertion of Liberty of Conscience by the Independents of the Westminster Assembly of Divines troch John Rogers Herbert (1847)

Thomas Gataker (Londen, 4 septimber 1574 - Cambridge, 27 juny 1654)[1] wie in Ingelske geastlike en teolooch.

Hy waard yn Londen berne as soan fan Thomas Gatacre en Margaret Pigott fan Hertfordshire en gie nei it St. John's College yn Cambridge. Fan 1601 oant 1611 wie er dûmny fan de mienskip fan Lincoln's Inn, dêr't er mei ophâldde doe't er it predikantsplak fan Rotherhithe oannaam. Yn 1642 waard er keazen as lid fan de Synoade fan Westminster, en makke foar dizze Synoade kanttekeningen op de Bibelboeken Jesaja, Jeremia en de Klaailieten fan Jeremia.

Wichtich wurk, útsein preken:

  • Of the Nature and Use of Lots (1619). It waard redigearre en fannijs útbrocht yn 2008 as The Nature and Uses of Lotteries.
  • Dissertatio de stylo Novi Testamenti (1648)
  • Cinnus, sive Adversaria miscellanea, in quibus Sacrae Scripturae primo, deinde aliorum scriptorum, locis aliquam multis lux redditur (1651), dêr't letter Adversaria Posthuma oan taheakke waard
  • In edysje fan Meditations troch Marcus Aurelius (1652)

It samle wurk fan Gataker waard yn 1698 yn Utert publisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nomenclator Philologorum fan Friedrich August Eckstein