Thomas Hooker (Marefield, 5 july 1586 - Hartfort, 7 july 1647) wie in foaroansteand Puriteinsk religieuse en koloniale lieder, dy't de koloanje fan Konnetikut yn de Feriene Steaten stifte, nei't er him ôfskieden hie fan de Puriteinske lieders yn Massachusetts. Hy wie bekend as in grut sprekker en in lieder fan it algemiene kristlike lûd. Hooker hie ek in oandiel yn it opstellen fan de Fundearings Statuten fan Konnetikut, ien fan de earste skreaune grûnwetten.
Thomas Hooker waard berne yn Marefield, Leicestershire yn Ingelân. Hy studearre oan it Emmanuel College en slagge yn 1608 foar syn B.A. en krige letter hjir yn 1611 syn M.A. Hy bleau noch inkelde jierren as in wurdearre meiwurker op it Emmanuel College en gie hjirnei as in predikant nei de gemeente fan Esher, dêr't er in reputaasje as in betûft sprekker opdie. Lykwols ferbea aartsbisskop William Laud yn 1629 tsjerkelêsings en Hooker moast him dêrom weromlûke nei Little Baddow. Uteinlik waard er fanwege syn Puriteinsk liederskip foarroppen fan (it tsjerklike) Hôf fan de hege kommisje. Hy ferlear syn kontrakt en flechtte nei Rotterdam en dêrfandinne emigrearre er op it skip de Griffin nei de Massachusetts Baaikoloanje.
Yn de Massachusetts Baaikoloanje waard Hooker hoeder fan de tsjerke fan Newetowne, it hjoeddeiske Cambridge, dêr't syn gemeente bekind waard as de Menear Hookers kompany.
Hooker stoar yn de âldens fan 61 jier ûnder in pestepidemy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |