Tonfa

Twa houten Tonfa
Dútske plysjes mei de tonfa

In tonfa is in gefjochtswapen dat yn mear as ien fjochtsporten brûkt wurdt. Nei alle wierskyn wie it oarspronklik in houten hânfetsel fan de rysmolestien. It is sa'n 50 sm lang en waacht noch gjin 1 kilo. Op trijefjirde fan de langte sit in oanfetsel. De tonfa kin oeral fêsthâlden wurde yn it gefjocht.

Der binne lannen (bygelyks Eastenryk en Dútslân) dêr't de plysje de tonfa as wapen brûkt.