Transpecos Trans-Pecos | ||
It Nasjonaal Park Big Bend yn 'e Transpecos. | ||
polityk | ||
soarte gebiet | geografyske en kulturele regio | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Teksas | |
grutste plak | El Paso | |
sifers | ||
ynwennertal | 920.000 (2020) | |
oerflak | 81.505 km² | |
befolkingstichtens | 11,3 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –7 | |
simmertiid | UTC –6 | |
kaart | ||
Lokaasje fan 'e Transpecos yn 'e Amerikaanske steat Teksas. It arsearre gebiet leit wol bewesten de Pecos, mar wurdt ornaris net ta de Transpecos rekkene. |
De Transpecos (Ingelsk: Trans-Pecos), ek wol it Fiere Westen fan Teksas neamd, is in geografyske en kulturele regio yn 'e Feriene Steaten, dy't it uterste westen fan 'e steat Teksas omfettet. De namme komt fan 'e rivier de Pecos, dy't de eastgrins foarmet. It gebiet leit yn 'e Chihuahuawoastyn en bestiet njonken woastynlân ek út berchtmen. De grutste stêd yn 'e Transpecos is El Paso. Los dêrfan is it gebiet mar tinbefolke. Yn 2020 telde de Transpecos sa'n 920.000 ynwenners.
De Transpecos is it westlikste part fan 'e Amerikaanske steat Teksas. It heart ta de gruttere regio fan West-Teksas. Yn it noarden wurdt it begrinzge troch de grins mei de steat Nij-Meksiko, dy't in rjochte line is. Yn it westen en suden foarmet de Rio Grande de meänderjende grins mei it buorlân Meksiko. Yn it easten wurdt de Transpecos fan 'e rest fan Teksas skaat troch de rivier de Pecos, dy't ûntspringt yn it Sangre de Christoberchtme fan Nij-Meksiko en úteinlik gearfloeit mei de Rio Grande.
De Transpecos bestiet út njoggen countys:
De lette kolonisaasje fan it gebiet is te sjen oan it feit dat de Transpecos acht fan 'e alve grutste countys fan hiel Teksas omfettet. Mei-inoar hawwe de njoggen countys fan 'e Transpecos in oerflak fan 81.505 km². It westlike part fan Val Verde County, dat eins it aldersúdeastlikste diel fan 'e Transpecos foarmje soe, wurdt ornaris net ta de Transpecos rekkene, om't Val Verde County foar it meastepart eastlik fan 'e Pecos leit.
It lânskip fan 'e Transpecos is foar it meastepart woastinich, mei't it gebiet diel útmakket fan 'e Chihuahuawoastyn, dat de grutste woastyn fan Noard-Amearika is. Der lizze ek ferskate berchtmen, wêrûnder it Delwareberchtme en de súdlike útein fan it Guadalupeberchtme. It omfettet fierders de Grutte Bocht (Big Bend) yn 'e Rio Grande. Mei in stikmannich útsûnderings, lykas it Nasjonaal Park Big Bend, it Nasjonaal Park Guadalupe Mountains en it Steatspark Big Bend Ranch, bestiet it oerflak fan 'e Transpecos foar fierwei it grutste part út ranchlân dat privee-eigendom is.
Foar de oankomst fan 'e Jeropeänen waard de Transpecos bewenne troch ferskate Yndiaanske folken. De krite fan El Paso hearde ta it domein fan 'e Súdlike Tiwa, in sedintêr folk fan 'e lânbou bedriuwende Pueblokultuer. De rest fan it gebiet waard bewenne troch nomadyske Yndiaanske jager-sammelderfolken, lykas de Lipan-Apachen en de Komantsjen. El Paso waard yn 1659 stifte as in earste delsetting fan 'e Spanjerts yn it gebiet. De Transpecos kaam yn 1690 mei de rest fan Teksas ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje te hearren, mar de fijannige hâlding fan 'e nomadyske Yndianestammen en it drûge en woastinige karakter fan it gebiet makke dat it troch de kolonisators lange tiid fierhinne negearre waard. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw waarden de Pueblofolken ta it kristendom bekeard troch roomske misjonarissen.
Yn 1821 waard Nij-Spanje ûnôfhinklik ûnder de namme Meksiko. De Transpecos waard doe mei de rest fan Teksas yndield by de Meksikaanske dielsteat Coahuila en Teksas. Yn 1835 kamen de Amerikaanske kolonisten yn Teksas yn opstân tsjin Meksiko by wat de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch kaam te hjitten. De striid liet de Transpecos ûnberoerd, en doe't de Republyk Teksas in ûnôfhinklik lân waard, bleau de Transpecos de facto yn Meksikaanske hannen. Pas nei't Teksas yn 1845 yn 'e Feriene Steaten opnommen waard, ferjagen de Amerikanen begjin 1846 de Meksikaanske autoriteiten út 'e Transpecos. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861–1865) wie Teksas ûnderdiel fan 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika. El Paso wie, as westlikste puntsje fan 'e Konfederaasje, earst in legerbasis fan 'e Súdliken, oant it yn 1862 ynnommen waard troch Noardlike troepen út Kalifornje wei. Dêrnei bleau it de rest fan 'e oarloch beset gebiet.
Letter wie de Transpecos yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw it lêste diel fan Teksas dat kolonisearre waard troch de blanken. Yn dy tiid wie de oantsjutting West of the Pecos ("Bewesten de Pecos") in suver sprekwurdlike ferwizing nei de woaste desolaasje fan it Wylde Westen. Sa waard fan 'e ferneamde Teksaanske rjochter Roy Bean sein dat er "de Iennichste [fertsjintwurdiger fan 'e] Wet bewesten de Pecos" wie. Dy fraze waard yn 'e tweintichste iuw popularisearre troch de westernsearje Judge Roy Bean (1956-1956). Om deselde reden is de namme fan in mytyske cowboy ek "Pecos Bill". Uteinlik, nei't de Transpecos betwongen wie en de Komantsjen en Lipan-Apachen oerwûn wiene en ferballe nei Yndianereservaten, waard it gebiet brûkt foar feehâlderij, benammen fan in lânseigen koweras, de Texas longhorn.
Under de Meksikaanske Boargeroarloch waard de Transpecos yn 'e 1910-er jierren oerstreamd troch in tafloed fan Meksikaanske flechtlingen. It geweld folge harren lykwols oer de grins hinne en yn maart 1916 foelen by it saneamde Plan de San Diego, in opstân fan etnyske Meksikanen tsjin blanke Amerikanen, tûzenen deaden. It regear fan Teksas stjoerde in spesjale legermacht fan Texas Rangers dy't regaad meitsje moast. Dat slagge ek, mar allinnich troch op ûnmeilydsume wize mear as 5.000 Meksikanen ôf te slachtsjen. De Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Teksas tsierden oer de wetterrjochten op 'e Pecos oant it federale Amerikaanske regear dêr yn 1949 it near op lei mei it Pecos River Compact. Yn 2003 waard dat ferdrach by de tiid brocht doe't de Pecos River Settlement Agreement tusken de beide steaten sletten waard.
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2020 hie de Transpecos doe in befolking fan 919.868 minsken. De befolkingstichtens lei oer de hiele regio op 11,3 persoanen de km². De befolking is lykwols tige ûngelyk ferdield, mei't El Paso 679.000 ynwenners hat, oftewol 73,8% fan 'e hiele befolking fan 'e Transpecos. El Paso County, wat delkomt op El Paso en syn foarstêden, hat krapoan 869.000 ynwenners, wat delkomt op 94,5% fan 'e befolking fan 'e Transpecos.
De restearjende 5,5% fan 'e regionale befolking is dan ferdield oer de rest fan it gebiet, dat tige tinbefolke is. Brewster County bygelyks, dat mei 16.040 km² de grutste bestjoerlike ûnderferdieling fan 'e Transpecos foarmet (en grutter is as de steat Connecticut), hie yn 2020 in befolking fan mar 9.343 minsken. Dat smyt in befolkingstichtens op fan 0,6 persoanen de km². Nei El Paso binne de grutste plakken yn 'e Transpecos Pecos mei 12.900 ynwenners, Fort Stockton mei 8.500 ynwenners en Alpine mei 6.000 ynwenners. Alle oare plakken hawwe minder as 5.000 ynwenners.
Etnysk sjoen bestiet it meastepart fan 'e ynwenners fan 'e Transpecos út Meksikanen, mei't dyselden yn El Paso 84,1% fan 'e befolking útmeitsje. Op it plattelân beëasten El Paso binne de blanken yn 'e mearderheid.
De Transpecos hat in woastynklimaat mei hjitte simmers en mylde winters. Yn desimber, de kâldste moanne fan it jier, leit de trochsneed temperatuer oerdeis om 'e 13,9 °C hinne. Yn july, de waarmste moanne, is dat 35,3 °C. Rekôrtemperatueren metten yn El Paso binne –22 °C, resp. 46 °C. Der falt yn 'e Transpecos jiers trochstrings 250 mm rein, foar it meastepart yn 'e perioade fan july oant en mei septimber. Dat wurdt feroarsake troch de Noardamerikaanske moesson.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|