Treis-Karden

Treis-Karden
Sicht op it stedsdiel Karden
Sicht op it stedsdiel Karden
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Cochem-Zell
Sifers
Ynwennertal 2.156 (2021)
Oerflak 31,37 km²
Befolkingsticht. 69 ynw./km²
Hichte 87 m
Oar
Postkoade 56253
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 10'N 7° 18'E
Offisjele webside
treis-karden-mosel.de
Kaart
Treis-Karden (Rynlân-Palts)
Treis-Karden

Treis-Karden is in Ortsgemeinde oan de Mûzel yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Op 7 juny 1969 waarden de oant dan selstannige gemeenten Treis en Karden gearfoege. It wie sûnt it haadplak fan de ferbânsgemeente Treis-Karden. Yn 2014 waard de gemeente Treis-Karden mei alle dêrûnder fallende plakken by de ferbânsgemeente Cochem yndield.

Treis-Karden bestiet út de dielen Treis en Karden. Treis leit rjochts fan de Mûzel tsjin de noardeastlike Hunsrück oan, wylst Karden lofts fan de Mûzel leit, dêr't de Eifel begjint.

By Karden hearre ek de buorskippen Klickerterhof en Windhäuser Höfe, wylst by Treis it Kleaster Marije Engelport en de buorskippen Auf Allmesch, Beurenhof, Gotteshäuserhof, Grenzhäuserhof, Honshäuserhof, Lützbach, Piesmühle en Wildburgmühle hearre.

Yn de 4e iuw stifte de hillige Kastor yn Karden in kristlike gemeente. De reliken fan de hillige ferhûzen yn de 9e iuw foar in part nei de Kastortsjerke fan Koblenz. Karden (Cardena) wie yn de iere tiid en midsiuwen fan grut belang en it oant 1802 besteande kollegiale stift sette in grut stimpel op de skiednis fann it plak. Karden wie it sintrum fan in aartsdiakonaat.

Treis wie eartiids it haadplak fan it histoaryske Trechirgoa, in by it hartochdom Loataringen hearrend bestjoersdistrikt. It ústjerren fan de greveskaai feroarsake in soad strideraasje en dielen fan it goa wiene letter û.o. besit fan de paltsgreven fan Kar-Palts, de greven fan Virneburg, de greven fan Sponheim en fan Kar-Trier. Fan 10 maart 1944 oant 14 septimber 1944 bestie yn Treis in diel fan it konsintraasjekamp Bruttig-Treis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.